Sara Paxton

Ut Wikipedy
Sara Paxton
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sara Paxton
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 april 1988
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Joadsk
Skotsk
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
gjint

Sara Paxton (Los Angeles, 25 april 1988) is in Amerikaansk aktrise, model en sjongster fan mingd Iersk, Ingelsk, Joadsk en Skotsk etnysk komôf. Hja groeide op yn Kalifornje en begûn al hiel jong mei aktearjen. Yn 2004 briek se troch mei de titelrol yn 'e tillefyzjesearjes Darcy's Wild Life. Neitiid spile Paxton û.m. yn films as Aquamarine, Sydney White, Superhero Movie, The Last House on the Left en Shark Night.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paxton waard yn 1988 berne yn Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as it ienlingsbern fan Steve Paxton en dy syn frou Lucia, dy't beide toskedokters binne. Har heit is fan mingd Iersk, Ingelsk en Skotsk etnysk komôf, en fia him is Paxton yn 'e fierte besibbe oan 'e akteur Bill Paxton. Har mem is in Joadinne dy't berne waard yn it Meksikaanske Monterrey en opgroeide yn Ciudad Acuña. Har heit waard kristlik grutbrocht, mar bekearde him ta it joadendom doe't er mei har mem troude.

Paxton groeide op yn 'e begoedige Los Anzjelynske wyk Woodland Hills, yn 'e San Fernando-delling, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e El Camino Real High School en yn juny 2006 har diploma behelle. Hoewol't se neitiid ferskate kearen op it punt stie om in stúdzje te begjinnen, earst oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje en letter oan 'e Universiteit fan New York, kaam dêr troch har aktearkarriêre hieltyd op 'e nij wat tusken, en is it der oant no noch net fan kommen.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al tige jong sette Paxton útein mei optredens, wêrby't nei eigen sizzen aktearjen en sjongen hân yn hân giene. De klam lei lykwols fan it begjin ôf oan op it aktearwurk, en it sjongen die se fral yn it ferlingde dêrfan, benammen yn musicals. Har earste tillefyzjeroltsjes hie Paxton yn ferskate reklamespotsjes. Yn 1996 hie se har earste aktearrol op 'e tillefyzje, as in figurante yn 'e searje Small Talk. Har earste filmrol krige se yn 1997, yn 'e film Liar, Liar, mei Jim Carrey.

Paxton op 'e reade loper by de premiêre fan 'e film Pirates of the Caribbean: At World's End, yn maaie 2007.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren en de earste helte fan 'e jierren 2000 hie Paxton in grut tal lytse roltsjes, wêrûnder guon yn tillefyzjesearjes as NewsRadio, Lizzie McGuire, CSI: Crime Scene Investigation, CSI: Miami en Will & Grace. Op it wite doek wie se û.m. te sjen yn Soldier (1998), Haunted Lighthouse (2003) en Sleepover (2004). Fierders wie se ek aktyf as stimaktrise, û.o. yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmrige SpongeBob SquarePants.

Yn 'e simmer fan 2004 spile Paxton yn 'e searje Summerland de rol fan 'e probleemjongere Sarah Borden, dy't eksperimintearret mei drugs en seks mei it personaazje fan har tsjinspiler Jesse McCartney. Dat optreden levere har letter datselde de titelrol op yn 'e jongereinsearje Darcy's Wild Life, dy't har grutte trochbraak betsjutte. Yn dy searje, dy't fan 2004 oant 2006 rûn, spile Paxton de rol fan Darcy Fields, in famke dat wurket op in plattelânske bistedokterspraktyk. De rige waard op lokaasje opnommen op in pleats deunby it Kanadeeske Toronto. Yn 2006 waard Paxton foar har rol yn Darcy's Wild Life nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis.

Har earste grutte filmrol hie Paxton yn 'e film Aquamarine, dy't yn 2005 yn Floarida opnommen waard en yn 2006 yn premiêre gie. Dêryn spile hja ien fan in trijetal seemearminnen, yn 'e mande mei Emma Roberts en JoJo Levesque. Neitiid spile Paxton in gemiene bestjoerster fan in studinteferiening yn 'e film Sydney White (2007), mei Amanda Bynes yn 'e titelrol, en in famke dat ferslave rekket oan komasûpen yn 'e tillefyzjefilm The Party Never Stops: Diary of a Binge Drinker, dy't opnommen waard op Vancouvereilân.

Fierders wie Paxton te sjen yn films as Superhero Movie (2008), The Last House on the Left (2009), The Innkeepers (2011), Shark Night (2011), Cheap Thrills (2013), Liars All (2013), Boys of Abu Ghraib (2014) en Happily Ever After (2015). Op 'e tillefyzje hie se fierders noch gastrollen yn û.m. Jonas L.A., How to Get Away with Murder en Code Black. Paxton hie in haadrol yn 'e searje The Beautiful Life: TBL, mei Corbin Bleu en Elle Macpherson, mar dy rige waard yn 2009 al nei twa ôfleverings stopset. Fierders hie se ek in haadrol yn 'e tillefyzjemusical Lovestruck: The Musical (2013).

Muzykkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 tekene Paxton in kontrakt mei de platemaatskippij Epic Records. Dat jiers brocht hja in sântal singles út, dy't lykwols net ien fan allegear in hit waarden. Har debút-cd, The Ups and Downs, is noch altyd net ôf, en soe neffens de lêste berjochten deroer (út 2007) "yn 'e takomst" útbrocht wurde. It liket der sterk op dat Paxton dat projekt op 'e lange baan skood hat. Hja omskriuwt har eigen muzykstyl as "pop/rock". Sûnt 2005 hat Paxton noch wol bydroegen oan 'e soundtracks fan ferskate films en musicals.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paxton is in praktisearjende joadinne, en wol hawwe dat se oan har leauwe de nauwe bân mei har famylje te tankjen hat. Hja hat sein dat hja gjin bat mitswa hân hat, om't se it op dat punt yn har libben fierstente drok hie mei har aktearwurk, en dat har dat noch altyd spyt.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier titel
2005 Here We Go Again
Kiss Me Like You Mean It
Temporary
I Miss U
Electrified
What Have You Got to Lose?
Love Song

Soundtracknûmers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier titel soundtrack
2005 Take a Walk Darcy's Wild Life
There for You
Don't Wanna Be Alone (mei Jesse McCartney) Summerland
2006 Connected Aquamarine
Can You Feel the Love Tonight Disneymania 4
2008 I Need a Hero Superhero! Movie
Superhero! Song (mei ferskate oaren)
2012 Shark Bite Rap Shark Night 3D
2013 Me, Too (Stripped) Lovestruck: The Musical
Like a Virgin
How Can I Remember to Forget
Me, Too (Main Mix)
Everlasting Love

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.