Sapphyske strofe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In sapphyske strofe is in metrum, wêrfan it net dúdlik is oft dichteres Sappho it útfûn hat of dat it al yn in Aiolyske tradysje stie.

Rymskema [bewurkje seksje]

In sapphyske strofe bestiet út trije sapphyske hendecasyllaby en in adoneus. It rymskema fan in Sapphyske strofe sjocht der sa út:

\smile | — X | — \smile \smile | — \smile | — — |
\smile | — X | — \smile \smile | — \smile | — — |
\smile | — X | — \smile \smile | — \smile | — — |
\smile \smile | — — |

(\smile = daling, — = heffing, X = heffing of daling)

Foarbylden [bewurkje seksje]

In Gryksk foarbyld is de earste strofe fan fragmint 31 fan Sappho (± 600 f. Kr.) sels:

Φάινετάι μοι κηνος ίσος θέοισιν

έμμεν' ώνηρ όττις ενάντιός τοι

ισδάνει και πλάσιον αδυ φωνέι-

σας υπακόυει

(de spiriti binne spiriti lenes)


De Latynske, literêre oersetting is Carmen 51 fan Catullus (84-54 f. Kr.):

Ille mi par esse deo videtur

ille, si fas est, superare divos

qui sedens adversus identidem te

spectat et audit


In Fryske, literêre, noch net earder forskynde oersetting fan Carmen 51 is:

Oan in god skynt hy my gelyk te wêzen

en ek fan de goaden te winnen skynt hy

dy tsjinoer dy sit en dy telkens wer be-

sjoen en ek heard hat

Keppeling om utens [bewurkje seksje]