Santy (folk)

Ut Wikipedy
Santy
Santee
flagge
populaasje
oantal ±1.000 (2013)
taal Santy (†) (Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
Súd-Karolina
fersprieding
Feriene Steaten: ±1.000

De Santy (Ingelsk: Santee) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan it Amerikaanske súdeasten. Hja binne bekend út 'e koloniale tiid fan 'e steat Súd-Karolina, en harren ôfstammelingen libje dêre hjoed de dei noch altyd. De Santy moatte net betize wurde mei de Santy-Sû (Santee Sioux), mei't deselde namme ek in alternative oantsjutting is foar de Eastlike Dakota, ien fan 'e trije folksdielen fan 'e (Sioux), in folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

In opwurpen terp (mound) oan 'e rivier de Santee (no Lake Marion), yn Súd-Karolina.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't yn it histoaryske tiidrek de measte Sûaanske folken op 'e Grutte Flakten en yn it oanswettend boskgebiet bewesten de Grutte Marren omswalken, is troch benammen archeologysk ûndersyk oan it ljocht kommen dat se dêr relatyf koart foar it earste kontakt mei de Jeropeänen hinne migrearre wiene, nei gedachten earne yn 'e Jeropeeske Midsiuwen. Harren oarspronklike thúslân wie wierskynlik it súdeasten, dêr't yn 'e koloniale tiid noch lytse, Sûaanske talen sprekkende stammen fan efterbliuwers libben. Ien dêrfan waard foarme troch de Santy, fan wa't rûsd wudrdt dat der fuort foar it earste kontakt mei de Jeropeänen, om 1600 hinne, sa'n 3.000 west hawwe moatte. Harren wengebiet wie konsintrearre om it hjoeddeistige stedsje Santee hinne, by de rivier de Santee lâns (dy't sûnt bedamme is en no fan Lake Marion hjit).

Tsjintwurdich leit der noch altiten in "terp" (de Ingelske term is mound) fan opwurpen ierde oan 'e igge fan Lake Marion, net fier fan it plak Summerton ôf. Hoewol't dy neffens archeologen en oare saakkundigen wierskynlik oanlein is troch de Mississippykultuer (1000-1500) of mooglik troch noch eardere prehistoaryske bewenners fan it gebiet, draacht it de namme fan 'e Santee Indian Mound ("Santy Yndianeterp"). Mooglik wie it oarspronklik de grêfheuvel fan in opperhaad of sjamaan. Yn elts gefal is de terp yn 1969 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, en hat er as sadanich in beskerme status.

Tsjin 1750 wiene de Santy yn Súd-Karolina frijwol ferdwûn as in werkenbere stamme, en harren taal waard net mear sprutsen. Likegoed oerlibbe der ûnder de ôfstammelingen fan 'e Santy iuwenlang in beskate kennisse oer wa't en wat hja wiene. Doe't der him yn 'e jierren sechtich en santich fan 'e tweintichste iuw in oplibbing fan 'e Yndiaanske kultuer foardie, begûnen de restanten fan 'e Santy harren te organisearjen. Yn 1972 waard de Santy Yndiaanske Organisaasje (Santee Indian Organization) oprjochte, dy't sûnt 1979 iveret foar erkenning troch de Amerikaanske federale oerheid. Hoewol't dat krewearjen noch altiten trochgiet, hat de stamme ûnderwilens op steatsnivo wol súkses boekt, troch yn 2006 erkenning los te weakjen fan 'e steat Súd-Karolina. In oare groep, de Santy Yndiaanske Naasje fan Súd-Karolina (Santee Indian Nation of South Carolina), siket ek erkenning, en ûnderskiedt him fan 'e Santy Yndiaanske Organisaasje troch de klam te lizzen op besibskip mei -stammen as de Santee Sû Naasje (Santee Sioux Nation) út Nebraska.

Stamme-organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stammen mei erkenning op steatsnivo yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
Santy Yndiaanske Organisaasje
Santee Indian Organization
Santy Súd-Karolina Holly Hill 600 foarhinne de White Oak Yndianemienskip (White Oak Indian Community)
of ek wol de Santy fan Holly Hill (Santee of Holly Hill)
stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
Santy Yndiaanske Naasje fan Súd-Karolina
Santee Indian Nation of South Carolina
Santy Súd-Karolina Pauline ? alt. namme: Isanty Yndiaanske Naasje (Isanti Indian Nation)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.