Sanne Terlouw
Sanne Terlouw | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Ike Smitswater | |
echte namme | Sanne Marguerite Terlouw | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 11 maaie 1959 | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Detektiveferhaal, edukatyf | |
útjouwer | U.o.: Nieuw Amsterdam | |
prizen | Libelle Romanpriis | |
jierren aktyf | 1985 - no | |
offisjele webside | ||
Profyl yn de DNBL |
Sanne Marguerite Terlouw (11 maaie 1959) is in Nederlânsk auteur en publisiste. De lêste jierren skriuwt se foaral detektives mei har heit, D66-politikus Jan Terlouw.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sanne Terlouw is in dochter fan Jan Terlouw en Alexandra van Hulst (1935–2017). Se hat twa susters en in broer.
Sanne Terlouw hat har heit doe't se jong wie faak holpen by it skriuwen troch har nijsgjirrige fragen oer bygelyks de oarloch. Sa frege se him hoe't de Twadde Wrâldoarloch foar in bern fan trettjin wie en Jan Terlouw hat dêr doe it boek Oorlogswinter oer skreaun.
Sanne Terlouw studearre yn 1985 ôf yn Nederlânske taal- en letterkunde.
Om 1986 begûne Sanne en har heit tegearre te skriuwen. Sy skreaune koarte ferhalen mei it doel der in detektiveboek foar bern fan te meitsejen. Troch de drokke baan fan Jan Terlouw as Kommissaris fan de Keninginne slagge it lykwols net om dêrmei troch te gean. Yn 2005 hawwe se it projekt fannijs oppakt.[1]
Dêrfoar hie Sanne Terlouw oars ek al publisearre ûnder it pseudonym Ike Smitswater.[2] Under dit pseudonym hat se ferskate boeken publisearre, û.o.: Het graf in de tuin en andere verhalen (1992) en Het raadsel van de familie Liezekies (1993).
Yn 2000 wûn Terlouw de Libelle Romanpriis foar it boek Het strijkkwartet.
Fan 2014 ôf hat Terlouw in bed and breakfast yn de Bergstrjitte yn Dimter.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bibliografy fan Sanne Terlouw. De list jout ek in protte edukative boeken en ferskate ûnder har skûlnamme Ike Smitswater.
|
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|