Samuel Scott
Ut Wikipedy
Samuel Scott wie in Britsk skilder dy't bekend wurden is troch syn seetafrelen.
Hy waard berne yn Londen yn 1702. Hy sette útein mei skilderjen om 1720 hinne, en spesjalisearre him yn seeslagen en havens en havensteden. Yn de 40er jierren makke er in rige doeken fan de rivier de Teems steamend troch Londen. De skilder William Marlow wie syn learling. Scott stoar yn Bath op 21 oktober 1772. Guon fan syn meast wurdearre skilderijen wiene dy dêr't foarfallen út de Kriich fan Jenkins' Ear op ôfbyld binne.
Galery [bewurkje seksje]
-
Ynname fan it Spaansk galjoen Nuestra Señora de Cavagonda troch it Britske skip Centurion yn de Anson's Ekspedysje
-
Admiral Vernon's ynname fan Porto Bello yn 1739.