Samuel Heinrich Schwabe

Ut Wikipedy
Heinrich Schwabe

Samuel Heinrich Schwabe (Dessau, 25 oktober 1789 – Dessau, 11 april 1875) wie in Dútsk astronoom, dy’t benammen ferneamd wurden is troch syn ûndersyk nei sinneflekken.

Schwabe begûn syn karriêre as apteker, mar syn ynteresse feroare al gau nei de astronomy. Yn 1826 gie hy him talizzen op ûndersyk nei sinneflekken. Hy besike om de teoretyske planeet Fulkaan te sykjen, dy’t neffens astrologen earne tusken Merkurius en de sinne sitte moast. Fanwegen de koarte ôfstân tusken dizze planeet en de sinne moast it sykjen nei de planeet tige lestich wêze. Dêrom kaam Schwabe mei it plan om de planeet te besjen op it stuit dat er by in sinneflek del fleane soe, en him sadwaande tsjin in tsjusterder eftergrûn befûn.

Fan 1826 oant 1843 bestudearre Schwabe om dizze reden eltse kleare dei de sinne op syk nei sinneflekken. Hy fûn de planeet net, mar ûntduts wol in patroan yn it tal sinneflekken op de sinne, de sinnesyklus. Hy publisearre dizze resultaten yn in koart artikel mei de namme Solar Observations during 1843. Hjiryn kaam hy mei de teory oer in tsienjierrige perioade, wêryn eltse tsien jier it tal sinneflekken op syn hichtepunt wêze soe. It artikel krige op it earst kwealik omtinken, oant it stuit dat Rudolf Wolf, doe haad fan it observatoarium fan Bern, it artikel te lêzen krige. Hy rekke ynteressearre yn it ûnderwerp en begûn in stúdzje nei sinneflekken. Schwabes observaasjes waarden efternei publisearre troch Alexander von Humboldt yn it tredde part fan syn wurk Kosmos, dat útbrocht waard yn 1851.

Yn 1857 krige Schwabe de Gouden Medalje fan de Royal Astronomical Society.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]