Samuel Beckett

Ut Wikipedy
Samuel Beckett
skriuwer
Samuel Becket
Samuel Becket
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Andrew Belis
echte namme Samuel Barclay Beckett
nasjonaliteit Iersk
berne 13 april 1906
berteplak Foxrock
stoarn 22 desimber 1989
stjerplak Parys flagge fan Frankryk
wurk
taal Ingelsk,
Frânsk
jierren aktyf 1929-1989

Samuel Barclay Beckett (Foxrock, Dublin, 13 april 1906Parys, 22 desimber 1989) wie in Ierske skriuwer en dichter en waard nei't er sels sei berne op 13 april 1906, al stie der 13 maaie yn syn bertebewiis. Hy hat lykwols altyd folhâlden dat hy op Goed Freed de 13e april berne wie. Hy ferstoar op 22 desimber 1989.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beckett studearre Frânsk, Italjaansk en Ingelsk oan it Trinity College yn Dublin fan 1923 oant 1927. Koart dêrnei waard hy oannommen as learaar yn Parys. Dêr soe hy James Joyce moetsje, dy't in enoarme ynfloed op him hie. Beckett skreau syn eigen ferhalen, wylst er tagelyk siktaris fan Joyce wie. Yn 1929 ferskynde syn earste wurk, in kritysk essay dat Joyce syn wurk yn beskerming naam. Syn earste koarte ferhaal, Assumption, waard yn datselde jier útbrocht. Yn 1930 wûn hy in lytse literatuerpriis mei syn gedicht Whoroscope, dat benammen oer René Descartes giet, in oare grutte beynfloeder fan syn skriuwen.

Yn 1930 gie Samuel Becket werom nei Ierlân, dêr't hy oan it Trinity College wurke. Nei 2 jier sette er wer ôf om troch Europa te reizgjen om. Hy bedarre wer yn Frankryk, en sette him dêr nei wenjen. Hy publisearre dêr in krityske stúdzje fan it wurk fan Marcel Proust.

Hy besocht in boek yn de styl fan James Joyce te skriuwen, mar it waard letter útjûn as in searje koarte ferhalen: More Pricks than Kicks. Der wurdt wol sein dat elts fan dy ferhalen in parody is op Joyce syn ferhalen yn Dubliners. Dernei ferskynde de roman Murphy.

Syn as 'de trilogy' bekend steande boeken binne it meast bekend. Beckett skreau de boeken yn it Frânsk, en sette se letter oer nei it Ingelsk: Molloy (1951, Ingelsk 1955), Malone meurt/Malone Dies (1951, Ingelsk 1956) en L’Innommable/The Unnamable (1953, Ingelsk 1958). De iepeningssin fan it lêste boek yn dy rige giet as folget, en is typysk foar de styl fan Becket (Ingelsk):

"Where now? Who now? When now? Unquestioning. I, say I. Unbelieving. Questions, hypotheses, call them that. Keep going, going on, call that going, call that on."

Wrâldferneamd is Beckett wurden troch it toanielstik Waiting for Godot, earst yn it Frânsk ferskynd yn 1952 ûnder de titel En attendant Godot, yn 1955 kaam de Ingelske oersetting. Der bart suver neat yn it stik. Yn it begjin krige it dan ek minne kritiken, mar geandewei waard it stik populêr. Itselde jildt foar it stik Endgame.

Omdat syn stikken fan nei 1947 suver allegear yn it Frânsk skreaun binne, wurdt hy tegearre mei Ionesco sjoen as de bêste Frânske toanielskriuwers fan de tweintichste iuw. It oersetten fan syn wurk nei it Ingelsk die Becket sels.

De teaterstikken dy't hy skreaun hat binne it bêst te typearjen as keal, minimalistysk en djip, djip pessimistysk oer de natuer fan de minske en de minsklike sitewaasje.

Samuel Beckett krige yn 1969 de Nobelpriis foar de Literatuer.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toanielstikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samle yn The Complete Dramatic Works (1986), ISBN 0-571-14486-1

Koarte ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samle yn The Complete Short Prose, 1929-1989, 1995, ISBN 0-8021-3490-4

Novelles en romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dream of Fair to Middling Women (skreaun yn 1932, publisearre yn 1993) (Nederlânske oersetting: Droom van matig tot mooie vrouwen)
  • Murphy (1938)
  • Molloy (1951)
  • Malone meurt (1951)
  • L'Innommable (1953)
  • Watt (1953)
  • Worstward Ho (1983)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]