Samarkand
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Samarkand | ||
| It plein Registan yn Samarkand | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 596.300 (2008) | |
| Stêdekloft | 708.000 ynwenners | |
| Hichte | 702 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Oezbekistan | |
| Provinsje | Samarkand | |
| Oar | ||
| Stifting | 14e ieu f. Kr. | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Samarkand ynfo | |
Samarkand (Oezbeeksk: Samarqand of Самарқанд) is de haadstêd fan de provinsje Samarkand yn Oezbekistan. De measte ynwenners binne Tadzjiken. De stêd is it meast bekend fan syn sintrale lizzing oan de siderûte tusken Sina en it Westen en as Islamitysk stúdzjesintrum. Yn de 14e ieu waard it de haadstêd fan it ryk fan Timoer (Tamerlane), ek syn mausoleum (de Gûr-e Amir) stiet yn Samarkand. De Bibi-Khanym Moskee is ien fan de meast opfallende gebouwen fan de stêd. Dee Registan wie it âlde sintrum fan de stêd.
UNESCO sette de stêd yn 2001 op syn Wrâlderfgoedlist as Samarkand – Crossroads of Cultures.
-
De Shakh-i Zindeh-moskee yn Samarkand (foto:Sergej Prokoedin-Gorski)
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Samarkand en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |