Salomon Siewerd de Koe

Ut Wikipedy
Salomon Siewerd de Koe (±1874)

Salomon Siewerd de Koe (Wâldsein, 6 jannewaris 1842 - Grins, 23 maart 1886) wie in teolooch en dûmny.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Koe syn âlden wiene de skroar Anne Cornelis de Koe (1812-1878) en Wilhelmina Arnolda de Mol Moncourt (1812-1876). Syn heit wenne al generaasjes lang yn Wâldsein, syn mem stamme ôf fan de Hugenoatefamylje De Mol Moncourt. Troude yn 1880 mei jonkfrou Isabelle Asch van Wijck (1850-1880) út Utert. Se soenen fjouwer bern krije. Nei de middelbere skoalle yn Snits ferhuze er nei Grins om dêr foar de hannel oplieden te wurden. Om't syn belangstelling mear by de wittenskip lei gie er nei it dwaan fan in 'admissie-examen' nei de universiteit. Slagge yn 1865 foar syn kandidaatseksamen Letteren en Wiisbegearte. Omdat er dûmny wurde woe ferhuze er nei Utert. Yn 1869 waard er beroppen yn Lienden en ferhuze nei de Betuwe.

Yn 1872 koe de redenrike jonge dûmny nei Eastermar, mar hy keas foar Bûtenpost. Dêr rûn er lykwols tsjin in gewoante oan dy't bûten Fryslân net mear bestie: leden fan in tsjerklike gemeenten hiene yn Fryslân neat te sizzen oer it beroppen fan dûmny's. Dat wie foar de hegerein, de grutgrûnbesitters, saneamde floreenplichtigen. De Koe neamde dit de 'finzenskip' fan de Fryske tsjerke. Yn 1874 skreau er in skerp artikel: De gevangenschap der Friesche kerk. Grutgrûnbesitters wienen faak liberaal fan opfettings oer godstsjinst en de troch de hegerein oanwiisde dûmny's stienen dêrmei withoefier ôf fan it gewoane tsjerkefolk. Sadwaande waard de kleau tusken de tsjerken en har leden hieltyd grutter. Tsjerkebestjoeren brûkten ek geregeldwei it jild foar de tsjerke foar saken dy't ta it domein fan de oerheid hearden. Dat wylst in soad tsjerkegebouwen min ûnderhâlden waarden. Doel fan De Koe wie om de Herfoarme tsjerke ta in folkstsjerke te meitsjen. Troch him kaam in beweging op gong dy't 'frijmakking' fan de Fryske tsjerke neistribbe. Om de maatskippij in sterke kristlike basis te jaan waarden ek kristlike skoallen opsetten. Hy ferfear yn 1874 nei Utert, dêr't er op 2 maaie 1883 cum laude syn proefskrift ferdigene: De conjecturaalcritiek en het evangelie naar Johannes. Hy waard dêrnei heechlearaar Teology yn Grins, dêr't er wenne oan it Martinytsjerkhôf.

Seis jier nei syn houlik stoar er nei in koarte sykte; hy liet fjouwer lytse bern nei. Hy waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Grins. Op syn begraffenis wie dûmny Moquette fan Snits, dy't neffens de Ljouwerter Krante 'it tankbere Fryslân' fertsjintwurdige. De stien en it stek fan syn grêf binne letter ferdwûn. Isabella ferkocht syn grutte bibleteek.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: