Sabine Uitslag

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Albertsje Sabine Uitslag
Sabine Uitslag op D66-kongres yn Breda

Albertje Sabine (Sabine) Uitslag (Westerhaar, 4 maart 1973) is in Nederlânse politika. Fan 8 april oant augustus 2008 ferfong sy Mirjam Sterk, dy't swangerskipsferlof hie, as lid fan de Twadde Keamer út namme fan it CDA. It wie de earste kear dat in keamerlid har ferfange liet út reden fan swierwêzen.[1] Sûnt septimber 2008 kaam sy foar fêst yn de CDA-fraksje troch it fuortgean fan Karien van Gennip.[2] By de Twadde Keamerferkiezingen fan 9 juny 2010 stie Uitslag op it 31e plak[3], mar waard dochs wer keamerlid troch de 15.933 foarkarstimmen dy't se krige.[4]

Sabine Uitslag siet oant de ferkiezings yn septimber 2012 yn de Keamer.

Libben foar it keamerlidmaatskip[bewurkje seksje | edit source]

Uitslag waard grut yn Vriezenveen en makke it Kristlik Lyseum yn Almelo ôf. Dêrnei studearre sy ferpleechkunde oan de Saxion Hegeskoalle yn Ynskedee. Tsjintwurdich wennet sy yn Welsum. Tusken jannewaris 2007 oant sy yn de Keamer kaam wie sy oan it wurk by it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA. Dêr wie Uitslag ûnder mear dwaande mei advisearring fan de fraksje op it mêd fan sûnenssoarch. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 stie sy op in fyftichste plak op de kandidatelist en krige sy 6.535 stimmen.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Desimber 2006 waard se keazen ta bêste webpolitikus fan it jier 2006.[5]
  • Uitslag is sjongster by de coverband Spinrock. Har eks-partner Markjan Vermeer is gitarist.
  • Uitslag nimt mei RTV East-presintatrise Monique Sleiderink in single yn it Twintsk op[6], mei de titel Loat mie lös en skreaun troch Sleiderink en Wilfried Poorthuis[7].
  • Op 23 maaie 2010 waard Uitslag mei 30% fan de stimmen troch de Veronica-lêzers keazen as de meast seksy politikus. [8].
  • Op 27 jannewaris 2012 is Sabine Uitslag befallen fan in dochter.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sabine Uitslag vier maanden CDA-kamerlid, de Stentor, 24 jannewaris 2008
  2. Uitslag definitief in Tweede Kamer, RTV East, 26 juny 2008
  3. "Kandidatenlijst CDA" Sp!ts, 24 april 2010
  4. "Sabine Uitslag keert terug in Tweede Kamer" De Stentor, 15 juny 2010
  5. Sabine Uitslag (CDA) webpoliticus van het jaar NU.nl, 18 desimber 2006
  6. Plannen voor Twentse Top 40-hit RTV East, 23 desimber 2009
  7. 'Loat mie lös' moet grote hit worden TC Tubantia, 21 jannewaris 2010
  8. * "Veronicalezers: Uitslag (CDA) is meest sexy" AD Binnenland, 23 maaie 2010