Saansk

Ut Wikipedy
Saansk
algemien
eigen namme Zaons
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 15.000 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Saansk
dialekten Eastsaansk, Noardsaansk,
Saandamsk, Westsaansk

It Saansk (Saansk: Zaons) is it Hollânske haaddialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e Saanstreek, de krite yn it binnenlân fan 'e provinsje Noard-Hollân dy't de lânstreken Wetterlân, oan 'e Iselmarkust, en Kennemerlân, oan 'e Noardseekust, beide mei in eigen Hollânsk haaddialekt, faninoar skiedt. Yn it noarden grinzget it Saanske taalgebiet oan dat fan 'e Westfryske dialekten, dêr't it in protte mei gemien hat, om't it krekt as it Westfrysk en ek it Wetterlânsk in Hollânsk dialekt op in Frysk substraat is.

Taalgeografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokaasje fan it Saansk yn it gruttere Hollânske taalgebiet.

It Saansk is krekt as û.o. it Westfrysk, Wetterlânsk, Kennemerlânsk en Súdhollânsk ien fan 'e haaddialekten fan it Hollânsk. it wurdt sprutsen yn 'e Saanstreek, benammen yn 'e doarpen Eastsaan, Westsaan en Assendelft en yn 'e stêd Saandam. Yn 'e doarpen yn it noarden fan 'e Saanstreek, lykas Krommenie, Wormerveer, Wormer en Jisp is it sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw fierhinne yn it neigean rekke, en libbet it hast inkeld noch fuort ûnder de âlderein.

Subdialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de dialekten dy't yn 'e Saanstreek sprutsen wurde binne ûnderling in protte ferskillen. Sa is it Eastsaansk hiel oars fan toan en útspraak as it Saandamsk of it Westsaansk. Oan 'e oare kant binne it ek wer nau besibbe dialekten, wat him bgl. uteret yn oerienkomsten op it mêd fan it leksikon en de fonetyk.

Taalgebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt sa't dat mei de measte dialekten yn Nederlân it gefal is, is it de lêste iuw ek mei it Saansk yn it neigean rekke. Troch de ynfloed fan it Standertnederlânsk liket it echte dialekt stadichoan te ferdwinen, wêrby't inkeld it saneamde "lichte dialekt", wat eins mear in regionaal kleure Nederlânsk (of regiolekt) is, oerbliuwt. Yn it noarden fan 'e Saanstreek is it echte dialekt al hast útstoarn, mar yn Eastsaan, Westsaan en Assendelft wurdt it noch wol in protte sprutsen, ek troch de jongerein. Ien Saansk wurd dat lykwols yn it Standertnederlânsk trochkrongen is en lanlike bekendheid krigen hat, is doeg ("dei"; Ned.: dag), dat yn hiel Nederlân wol as groet brûkt wurdt. Yn 1897 ferskynde fan it Saansk in baas wurdboek fan 1368 siden, ûnder de titel De Zaansche Volkstaal: Bijdrage tot de Kennis van den Woordenschat in Noord-Holland, dat gearstald wurden wie troch de taalkundige Gerrit Jacob Boekenoogen. Yn 2004 kaam dêrfan de op 'e nij besjoene, oanfolle en bewurke trêde printige út.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Saansk hat krektlyk as de Westfryske dialekten in Frysk substraat. Hoewol't de Saanstreek al tusken 1300 en 1600 ûntfryske rekke, is it bestean fan dat substraat noch goed te merken oan it hjoeddeistige dialekt, dat sadwaande yn beskate opsichten sterk op it Westfrysk liket. Sa is bygelyks de konsonantekluster [sk] (sk fan "skaad") bewarre bleaun, wylst it Hollânsk en it Standertnederlânsk dêr de kluster [sx] (sch fan school) hawwe. Om in pear foarbylden te jaan: yn it Saansk sprekt men fan skeep ("skiep"; Ned.: schaap) en fan skeer ("skjirre"; Ned.: schaar).

Ek hat it Saansk mei it Westfrysk gemien dat it Nederlânske twalûd [ɛ.i̭] (ij fan "bij") der net algemien yn trochkrongen is. Sa seit men bgl. foar it Nederlânske blijven ("bliuwe") yn it Saansk fan blaive of blaaive. Krekt as yn it Wetterlânsk en beskate Westfryske dialekten wurdt fierders it Nederlânske twalûd [i.ṷ] (iuw fan "Siuw") útsprutsen as [yṷ] (uw fan Nederlânsk ruw), lykas yn it Saanske wurd nuw ("nij"; Ned.: nieuw). It Saansk ûnderskiedt him it dúdlikst fan 'e omlizzende dialekten troch de útspraak fan wurden dêr't yn it Standertnederlânsk it twalûd [ʌi̭] (ui fan "bui") yn foarkomt. Yn it echte Saanske dialekt wurdt dy klank ferfongen troch [ø.i], in swiere eu fan "deun", dy't einiget mei in i-eftige klank.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Boekenoogen, Gerrit Jacob, De Zaansche Volkstaal: Bijdrage tot de Kennis van den Woordenschat in Noord-Holland, Leien, 1897.
    • Woudt, Klaas, De Zaanse Volkstaal, Wormerfear, 2004: folslein op 'e nij besjoene oanfolle en bewurke 3de printinge)