Südschleswigscher Wählerverband

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Deensk
Sydslesvigsk Vælgerforening
Dútsk
Südschleswigscher Wählerverband
Noardfrysk
Söödschlaswiksche Wäälerferbånd
Partijlieder Flemming Meyer
Partijfoarsitter Martin Lorenzen
Oprjochting 1948
Haadsit Flensboarch
Ledetal ~3700
Jongereinorganisaasje SSW-Ungdom
Rjochting Sintrumpartij
Ideology Sosjaalliberalisme
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje EFA
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside ssw.de

De Südschleswigsche Wählerverband (SSW) (Deensk:Sydslesvigsk Vælgerforening, Noardfrysk: Söödschlaswiksche Wäälerferbånd) is in regionale politike partij yn Sleeswyk-Holstein. As partij fan de Deensk/Fryske minderheid hat de SSW neffens § 3 alinea 1 sin 2 fan de kieswet sûnt 1955 frijstelling fan de fiif prosint kiesdrompel om yn it parlemint fan Sleeswyk-Holstein te kommen.

Program[bewurkje seksje | edit source]

De partij is fertsjinwurdige yn Sleeswyk as in regionale partij en belangefertsjinwurdiger fan de Deenske minderheid, en ek fertsjinwurdiget de Friezen yn Noard-Fryslân. Yn Noard-Fryslân wurket de partij gear mei de 600 leden fan de Friisk Foriining. Yn 't politike spektrum hinget de partij yn 't politike midden, en folget de politike en maatskiplike ûntwikkelings yn Skandinaavje. Op dy wize stribbet de SSW federalisme nei, om de polityk sa ticht mooglik by de boarger te bringen

Maatskiplik program[bewurkje seksje | edit source]

Grûnslach fan it maatskiplike belied is it stribjen nei in lykwicht yn 'e maatskippij, de lykberjochting fan man en frou mei itselde salaris foar itselde wurk, in lange termyn emigrantebelied mei in minsklike asylpolityk. De grûnslach op kultureel mêd is it befoarderjen fan it Deenske, Fryske en Nederdútske kultuerferskaat. Fierders hâld de partij him dwaande mei lokale polityk, dêr't de gemeenten (Gemeinde) en kriten (Landkreis) mear foech krije moatte.

Sosjaal-ekonomysk program[bewurkje seksje | edit source]

De SSW hâldt de begjinselen fan de frije merkekonomy heech, dat se yn 'e krekte betsjutting fan it wurd dwaan wolle. De partij hâldt him ek dwaande mei oare situaasjes; wêr't de merk ferlet fan hat en wêr't de steat stypje moat bygelyks. De SSW is tsjin reorganisaasjes fan it Dútske regear en it ferleegjen fan subsydzjes.

In oar stribjen is it befoarderjen fan de ynvestearring en struktuerprograms foar it lânsdiel Sleeswyk. Benammen it ferbetterjen fan 'e ferkearsynfrastruktuer, bygelyks mei in autowei by de westkust lâns. De partij jout al omtinken oan natuer en miljeu.

De SSW pleitet foar in aktyf wurkgelegenheidsbeleid en sosjaal ferantwurdlike ekonomy. Fierders moatte der geunstige betingsten komme foar de lytse begjinnende ûndernimmer. Ekonomyske delgong mei net ta minder sosjaal bewâld liede. Der moat gearwurking fan pjutteboartersplakken, skoallen en sosjale foarsjennings mei de âlden wêze. En fleksibele wurktiden, foar it sosjale bederf fan famyljes.

Underwiisprogram[bewurkje seksje | edit source]

Sintraal yn 't ûnderwiisbeleid stiet it ynfieren fan 't Skandinavyske model foar mienskipskoallen, en in wet oer it fierder studearjen yn 't beropsûnderwiis. Der moat teoretysk en praktysk (staazje) les jûn wurde.

In oar skaaimerk fan de SSW is it ferskaffen fan goedkeape bibleteken mei fergese ynternetoanslutings, dêr't elste boarger gbrûk fan meitsje kin.

Miljeuprogram[bewurkje seksje | edit source]

De SSW wol mear gebrûk meitsje fan duorsume enerzjy. Boppedat wol de SSW it lânskip hoedzje en noedzje, dêr’t de natoer har gerak krije kinne; de natoerparken wurde meiinoar ferbûn om mear romte oan bisten te jaan: gjin minslike ynterferinsjes yn biologysk-ekologysk en geografysk-morfologysk wichtige gebieden. De SSW kin it lykfine mei gentechnyk, mar se jouwe ta dat it krektlikegoed kânsen as risiko’s opsmite kin.

De SSW is tsjin guont grutskalige projekten, lykas de klassifikaasje fan fûgelgebiet foar it skiereilân Eiderstedt.

Finansiën[bewurkje seksje | edit source]

Neffens Bundestag-dokumint 16/5230 hie de partij yn 2005 sa’n 500.000 euro, dêr’t 62.000 euro fan fan lidmaatskippen komme en 350.000 fan jeften. Likernôch 60.000 euro komt fan 'e steat. Yn 2005 hie de partij sa’n 67.000 tekoart. De partij krige yn 2005 sa’n 332.000 euro jeften út it bûtenlân.

Netto hat de partij in kapitaal fan sa’n 190.000 euro. En de partij hat oandielen yn 'e Tageszeitung Flensborg Avis AG.

Struktuer[bewurkje seksje | edit source]

De SSW hat in fertsjinwurdiging yn 't parlemint fan Sleeswyk-Holstein. De fjouwer noardlike kriten fan Sleeswyk-Holstein Noard-Fryslân, Sleeswyk-Flensburch, Rendsburch-Eckernförde en Flensburch. Meidat der op Hilgelân (dat ûnder krite Pinnenberch falt) ek Friezen wenje, is dêr ek in ôfdieling. Meiinoar hat de SSW 103 doarpsôfdielings yn ‘e boppeneamde kriten. De jongereinôfdieling hjit de SSW-Jugend.

Alle jierren komt in delegaasje fan 175 ôffeardigen gear yn Hüsem foar de jierliks partijdei fan de hiele SSW; dy ôffeardigen komme fan krite en doarpsôfdielings. Fierders binne der ek noch oare partijdagen.

It blêdsje fan de SSW, Die Stimme des Nordens, feskynde foar it earst yn septimber 2005 en moat fjouwer kear jiers útkomme. Fan 1948 oant 1973 hie de SSW mei de „Südschleswigschen Heimatzeitung“ in eigen krante dy’t alle dagen útkaam; dy krante wie yn it Dútsk. De foar it grutste part Deenstalige Flensborg Avis út Flensburch hat ek bining mei de partij.

Fertsjinwurdiging yn 'e regioparleminten[bewurkje seksje | edit source]

Nei de Kommunalferkeizings fan 2003 wiene yn ‘e Kreistag (parlemint fan in krite) yn Flensburch 11 fan de 43 leden fan de SSW. De partij hat ek seis sitten yn ‘e Kreistag fan Sleeswyk-Flensburch en fjouwer yn ‘e Kreistag fan Noard-Fryslân. Yn ‘e gemeenten dy’t by dy kriten heare binne der meiinoar 134 sitten yn ‘e kriten Noard-Fryslân, Sleeswyk-Flensburch, Rendsburch-Eckernförde.

By de kommunalferkiezings is de SSW net fan ‘e 5 prosint kiesdrompel befrijt. Yn in protte gemeenten fan Sleeswyk-Holstein moatte der op syn minst 7 sitten helle wurde by de gemeenteferkiezings, dat is foar alle lytse partijen sa. Yn Denemark en yn oare bûnslannen yn Dútslân, meie partijen meiinoar mei ien list komme by de ferkiezings, mar it "kommunalkiesrjocht" yn Sleeswyk-Holstein lit dat net ta. Yn Denemark is dat jit better mei de Schleswigsche Partei, de Dútske partij benoarden de grins, dy’t net befrijt is fan de 2% kiesdrompel mar de mooglikheid hat om mei in oare partij gear te wurkjen en as ien partij yn in regionaal parlemint te kommen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De SSW is yn 1948 ûntstien út ‘e Südschleswigscher Verein (Deensk: Sydslesvigsk Forening), de oerkoepeljende organisaasje fan de deenske folksgroep yn Súdsleeswyk. Doe’t de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme en de Twadde Wrâldkriich oer wie, woe de Sleeswykse feriening mei in nij referendum (yn 1920 wie der ek ien) besykje om súdsleeswyk wer te ferienigjen mei Denemark. Der wiene 2 belangegroepen: it Ejderfolk woe de grins omleechskowe nei de Eider, de oare groep, de Dannevirkemænd woe de grins fan Schlei nei Taning. It Britske regear bea yn 1946 oan Denemark oan, om op ‘en nij nei de grinzen te sjen, mar Denemark hie dêr (lykas op 9 maaie 1945) gjin ferlet fan.

Sitten fan de SSW yn ‘e lândei SH
Kiesperioade Tal sitten
19471950 6 sitten
19501954 4 sitten
19541958 0 sitten
19581962 2 sitten
19621996 1 sitten
19962000 2 sitten
20002005 3 sitten
2005–hjoed 2 sitten

It Súdsleeswyksk eigene en it foech oer Súdsleeswyk moast syn gerak krije, dêrom waard de politike partij de SSW stifte, dy’t mei harren program de if feroarjen fan de grinzen as in mooglikheid hâlde wol.

De earste jierren fan har bestean krige de SSW in soad stimmen by de ferkiezings. Yn in stikmannich steden koene de Deenske kandidaten fan 1946 politike mearderheden winne en yn Flensburch koene se de mearderheid in skoftlang hâlde. Doe't bliken die dat de Deensk-Dútske grins net nei it suden ferskowe soe, ferlear de partij in protte stimmen by de ferkiezings.

Sûnt de njoggentiger jierren krijt de partij wat mear stimmen.

Yn 2000 karde de lândei in fernijing yn it kiesrjocht goed, dêr't de kiezer no in twadde kear mei stimme kin. In twadde saak dy't feroare mei de fernijing wie dat minsken yn Holstein no ek foar de SSW kieze kinne, dêr't in bulte krityk op west hat (Holstein hat nea Deensk-Frysk wengebiet west). Hilgelân en Rendsburch-Eckernförde binne gemeenten dêr't wol altiten Denen of Friezen wenne ha, dêr't de SSW no al fertsjinwurdige is.

In grut súkses wie it Friisk Gesäts dat op 11 novimber 2004 troch de lândei goedkard waard, dêr't de Noard-Friezen mear kulturele rjochten mei krigen.

SSW Landtagswahlergebnisse.svg


Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Lars N. Henningsen/Martin Klatt/Jørgen Kühl: SSW - dansksindet politik i Sydslesvig 1945-1998, Studieafdelingen ved Dansk Centralbibliotek for Sydslesvig; 1998; ISBN 87-89178-29-7
  • Martin Klatt/Jørgen Kühl: SSW - Minderheiten- und Regionalpartei in Schleswig-Holstein 1945-2005, Studieafdelingen ved Dansk Centralbibliotek for Sydslesvig; 2006; ISBN 87-89178-60-2
  • Jørgen Kühl/Robert Bohn (Hrg.): Ein europäisches Modell? Nationale Minderheiten im deutsch-dänischen Grenzland 1945-2005, Verlag für Regionalgeschichte; 2005; ISBN 3-89534-541-5
  • Martin Klatt: Flygtningene og Sydslesvigs danske bevægelse 1945-1955, Studieafdelingen ved Dansk Centralbibliotek for Sydslesvig; 2001; ISBN 87-89178-30-0
  • Erik Uldall: Die Südschleswig-Frage seit 1945, Chronologie und Dokumentenzusammenstellung; Forschungsstelle für Völkerrecht und ausländisches Recht der Universität Hamburg; 1951
  • Thomas Loxtermann: Das deutsch-dänische Grenzgebiet als Modell nationalstaatlicher Minderheitenpolitik?; LIT Verlag; 2004; ISBN 3-8258-7879-1
  • Bodo Pieroth/Tobias Aubel: Der Begriff der dänischen Minderheit im Schleswig-Hosteinischen Landeswahlrecht, in: NordÖR 2001, S. 141-147.
  • Dietrich Murswiek: Das missbrauchte Privileg, in: Focus 10/2005.
  • Matthias Knothe: Schutz der Minderheiten in der Landesverfassung Schleswig-Holstein - Modellfall für das Grundgesetz ?, in: NordÖR 2000, S. 139-142.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]