Sûkelarjebergen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Bohol
Sûkelarjebergen

De Sûkelarjebergen of Chocolate Hills binne de grutste attraksjes op it Filipynske eilân Bohol. Midden op in hast flak plato ferrize yn in gebiet fan mear as 50 km² 1.268 meast likense kegelfoarmige hichten fan ± 30-50 meter heech. Se binne foar it meastepart begroeid mei gers dat yn it droege diel fan it jier in brune tint krijt. De heuvels dogge dan wat tinken oan kollossale sûkelarjebergen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geology

Dit bysûndere geologyske ferskynsel is ûntstien troch de ferwaring fan kalkstien en eroazjeferskynsels. De hichten binne in foarm fan tropyske kegelkarst. Hjirby binne de karstferskynsels folle fierder trochgien as yn in lânskip mei skaaimerken as dolines en poljes.

[bewurkje seksje] Ferhalen

De lokale myte seit dat twa reuzen dagen efterinoar tsjin elkoar fochten hawwe mei stiennen en sân. Mear romantysk is it ferhaal fan Arogo, in sterke en jonge reus dy't fereale rekke op it famke Aloya. Doe't Aloya dea gie yn de hânpalm fan de reus, feroaren syn triennen yn de heuvels.

[bewurkje seksje] Nasjonaal Monumint

Yn 1988 waarden de Sûkelarjebergen útroppen ta Nasjonaal- en Geologysk Monumint troch it Filipynske regear.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Urich, Peter B., Day, Michael J. & Lynagh, Fiona, (2001). Policy and practice in karst landscape protection: Bohol, the Philippines. The Geographical Journal 167(4), 305-323.
  • Webside oer Chocolate Hills
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen