Súdsineeske boskmûs

Ut Wikipedy
Súdsineeske boskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus draco
Barrett-Hamilton, 1900
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Súdsineeske boskmûs (Latynske namme: Apodemus draco) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn eastlik Aazje. Syn ferspriedingsgebiet omfiemet súdlik en sintraal Sina, súdeastlik Tibet, noardeastlik Yndia (Arunachal Pradesh) en noardlik en westlik Birma

Besibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Súdsineeske boskmûs is nei alle gedachten it naust besibbe oan 'e Taiwaneeske boskmûs (Apodemus semotus) fan Taiwan en oan 'e Sichuanboskmûs (Apodemus latronum) fan Midden-Sina.

De taksonomy fan 'e Súdsineeske boskmûs is noch net alhiel dúdlik; party auteurs wolle hawwe dat Apodemus ilex, dy't yn it westen fan 'e Sineeske provinsje Yunnan foarkomme soe, of Apodemus orestes, dy't likernôch itselde ferspriedingsgebiet as de Súdsineeske boskmûs hawwe soe, aparte soarten binne. Oare saakkundigen miene dat de Taiwaneeske boskmûs krekt gjin selsstannige soarte is, mar in ûndersoarte fan 'e Súdsineeske boskmûs.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.