Súdlike Luzerneflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Súdlike Luzerneflinter
Colias alfacariensis - Hufeisenklee-Gelbling 03.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Colias alfacariensis

De Súdlike Luzerneflinter (Colias alfacariensis) is in flintersoarte yn it skaai fan de Luzerneflinters (Colias) .

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De súdlike luzerneflinter is in honkfêste soart. De flinter komt net foar yn ús lân. Hy is mar njoggen kear sjoen. De flinter komt wol foar yn de Ardennen en Eifel. De flinter hâldt fan kalkgreiden mei reade klaver.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fljocht fanôf april oant oktober. De flinter fljocht in twa generaasjes.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte fan de flinter is likernôch 21 oant 27mm. De foarwjukpunt is rûn. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in oranje plak. De mantsjes binne helder sitroengiel. De súdlike luzerneflinter liket dan ek in soart op de Giele Luzerneflinter. In goed ûnderskied meitsje is lestich.

Rûp.[bewurkje seksje | edit source]

De rûp oerwinteret yn in struisellaach.

De rûp fret fan de reade klaver en kroankrûd.

Colias alfacariensis - Hufeisenklee-Gelbling 06.jpg
Colias alphacariensis01.jpg

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]