Sân deugden
Ut Wikipedy
Neist de 7 haadsûnden fan de katolike tradysje binne der ek sân tsjinhingers: de sân deugden, dy't besteane út de fjouwer kardinale deugden en de letter taheakke trije godlike of teologale deugden. Dat binne:
- Prudentia (Foarsichtichheid - ferstannigens - wiisheid)
- Iustitia (Rjochtfeardigens)
- Temperantia (Skaplikens - evenredigens - selsbehearsking)
- Fortitudo (Moed - sterkte - fêsthâldendheid - stânfêstichheid)
- Fides (Leauwe), yn Latynske teksten faak omskreaun as Pietas
- Spes (Hope)
- Caritas (Neisteleafde/Leafde)
De Sân deugden binne faak troch keunstners útbyld, ferneamd binne de sân deugden ôfbyld yn de freskos fan Giotto, tegearre mei de 7 haadsûnden, yn de Cappella Scrovegni yn Padua.
De Sân deugden spylje ek in wichtige rol yn de Decamerone fan de Italjaanske skriuwer Giovanni Boccaccio.
De fjouwer kardinale deugden datearje út de klassike âldheid.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory The Seven Virtues fan Wikimedia Commons. |