Rysum

Ut Wikipedy
Kaart Krummhörn
Rysum
Tsjerke fan Rysum
Yn de buorren
It âldste hûs fan Rysum (1776)

Rysum is in doarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen, en hat 748 ynwenners (2006). Rysum leit op in terp dy't 6 meter boppe seenivo leit en in trochsnee fan sa'n 400 meter hat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak waard om 1000 hinne Hrisinghem neamd. Kleaster Menterne yn Baamsum, ek bekend as Grizemuontsenkleaster, hie in foarwurk yn Rysum. Rysum wie yn de 15e iuw part fan it bisdom Münster en foel ûnder de proasdij fan Groothusen.

De tsjerke datearret diels út de 14e iuw. Yn de 15e iuw waard in nije tsjerkeseal boud, dêr't ek de dowestien fan it âlde skip foar brûkt waard. De toer waard 1585 renovearre en ferlear syn spits yn 1686. De tsjerke hat in kânsel út 1801. It tsjerkeoargel is fan 1457. Neffens de kronyk fan Eggerik Beninga waard it oargel troch de Rysumer boeren mei har bêste kij betelle. It waard wierskynlik yn 1513 omboud ta in oargel mei registers en soe it âldste, benei yn orzjinele steat, noch te bespyljen tsjerkoargel fan Noardwest-Europa wêze.

It doarp hat in lânarbeidershûs út 1776.

Rysum hie in stellingmole út 1895. Dy mole waard yn 1964 út it wurk helle en doe foar in part sloopt. De kap waard foar in mole yn Bad Zwischenahn brûkt. Yn 1988 waard besletten de mûne fan Rysum fannijs te bouwen en yn 1989 waard de achtkante boppebou fan in mûne út Sleeswyk-Holstein op it molelichem dat der noch stie setten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]