Rypster Merke

Ut Wikipedy
Rypster Merke
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Dronryp
holden yn sintrum fan it doarp
tiid fan it jier ein maaie / begjin juny
bysûnderheden
soarte evenemint merke
bestean 1893 – no
org. troch VvV "Sjirk de Wal"
offisjele webside
www.rypstermerke.nl

De Rypster Merke is de merke dy't alle jierren om ein maaie en/of begjin juny hinne yn it Fryske doarp Dronryp holden wurdt. Mei sa'n sechstjin attraksjes en achttjin eveneminten op it mêd fan sport en ferdivedaasje is it de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân. Yn 2018 waard it 125-jierrich bestean fan 'e Rypster Merke fierd mei in jubileumdoarpsfeest dat 2½ wike duorre.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan âlds waard de Rypster Merke organisearre troch de pleatslike keatsferiening, de Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal (dy't ferneamd is nei de Rypster keatsleginde Sjirk de Wal). De bân mei it keatsen is logysk as men wit dat de merke oarspronklik in bykomstichheid wie fan 'e wichtichste keatswedstryd dy't yn Dronryp organisearre waard. Neigeraden dat de merke in grutter evenemint waard as de wedstryd sels, en de organisaasje derfan de keatsferiening sadwaande boppe de macht gie, waard de merke ûnderbrocht by in selsstannich operearjende merkekommisje.[1][2] Bewizen oangeande it jier wannear't de merke ynsteld is, binne net werom te finen, mar wol is bekend dat yn 1918 it 25-jierrich bestean fan 'e keatsferiening fierd waard, dy't dus yn 1893 oprjochte wêze moat. Sadwaande wurdt dat jier formeel oanholden as begjinjier fan 'e Rypster Merke.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Grosso, Maria del, Jubileumdorpsfeest van 2,5 week, yn: de Ljouwerter Krante, 16 maaie 2018, s. 25..
  2. Organisatoaryske ynformaasje fan 'e webside fan 'e Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal.