Rynlânsk laaiplato

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rynlânsk laaiplato, geologyske kaart

It Rynlânsk laaiplato (Dútsk: Rheinisches Schiefergebirge) is in yn de geology brûkte oantsjutting foar in leechberchtme dat oer Dútslân, Belgje en Luxemburg rint. De term wurdt fral yn Dútske literatuer brûkt, meastal wurde de aparte dielen fan it laaiplato beneamd, sa as de Eifel (yn Dútslân en Belgje), de Ardennen (yn Belgje) en it Sauerlân fierder yn it easten.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It plato is trochsneed 500 meter boppe seenivo. De heechste top is de Großer Feldberg mei 880 meter. De Ryn snijt it plato yn in eastlik en in westlik part. De eastfleugel bestiet út it Taunusberchtme, Westerwald, Bergisches Land, Sauerland en Siegerland; de rivier de Lahn snijt troch de eastfleugel.

De fan de Moezel trochsnien westfleugel hat oan de noardkant de Eifel en de Ardennen, besuden de Moezel leit de Hunsrück.

Geology[bewurkje seksje | edit source]

Rijnlânsk laaiplato (satellytfoto)

Hoewol't it plato it Rynlânsk laaiplato hjit, is it laai mar in diel fan de litologyën yn de kritein. De Ardennen bestean neist laai mei sânige ûntslutingen ek út kalken en dolomiten. De Eifel wurdt skaaimerke troch klaaistien en kalkstien.

It Rynlânsk laaiplato bestiet foar it grutste part út Devoanyske stientmen (fan sa'n 400 oant 350 miljoen jier (Ma) âld), dy't meielkoar de Paleozoyske sokkel neamd wurde. Nei ôfsetting fan dy stientmen ûntstie berchtmefoarming troch kompresje. Dat tiidrek is ferneamd as de Hersynyske orogenese. Wat nei ôfsetting skaly (of klaaistien) wie, is troch ynfloed fan druk en temperatuer metamorfosearre ta laai. Dat laai wurdt no noch wûn yn gatten en fral brûkt foar dakbedekking.

Troch lettere ekstinsje, dêr't ek de Beneden-Rynslenk by foarme waard, binne der fulkanyske hotspots ûntstien, dy't yn de Eifel te finen binne. Dêr komme ek de ferneamde maaren, sa as it Pulvermaar, it Schalkenmehrener maar en de Laacher Mar foar.