Rungholt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Op dizze kaart fan Joan Blaeu út (1662) stiet it eartiidske eilân Strân mei Rungholt.
Spullen dy't fûn binne op de boaiem fan de see.

Rungholt wie eartiids in stêd op it eardere waadeilân Strân. De stêd ferdwûn yn see by de Sint-Marsellusfloed ("Grutte Mandraeke", grutte ferdrinking fan minsken) op 16 jannewaris 1632. Ek it tichtby lizzende plakje Niedam ferdwûn yn see.

Oant ein 20e ieu wienen oerbliuwsels fan de stêd te sjen, mar dêrnei binne de lêste resten fuortspield troch de see.

De befolking fan Rungholt wurdt rûsd op 1500 oant 2000, wat yn dy tiid in soad wie. De stêd lei op it eilân Strân, dat troch in twadde stoarmfloed, de Buchardifloed ("Twadde Grutte Mandraeke") yn 1634 útinoar skuord waard. De eilannen Pelweerm, Noardstrân Noardstrânmoar en Hamboarcherhallich wienen oerbleaune stikken fan dit eardere eilân. Rungholt lei earne tusken Pelweerm en Noardstrân.

Oer de ferdronken stêd Rungholt wurde ferskate sêgen en legindes ferteld. Sa wurdt sein dat men op wynstille dagen noch altyd de tsjerkeklokken fan Rungholt ûnder wetter lieden hearre kin.

Yn 1992 waard it fear MS Rungholt yn gebrûk nommen, dat de waadeilannen Feer en Amrum mei de fêstewâl ferbynt. Yn 2001 waard der in film oer de stêd makke, Der Untergang von Rungholt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]