Ruhr

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Krite fan de Ruhr
De Ruhr by Hattingen

De Ruhr is in sydrivier fan de Ryn yn de Dútske dielsteat Noard-Rynlân-Westfalen.

De rivier ûntspringt sa'n trije kilometer benoardeosten Winterberg yn it Sauerlân. De Ruhr is 217 kilometer lang en rint meast yn east-westrjochting. By Duisburg-Ruhrort mûnet de rivier út yn de Ryn.

De mûning fan de Ruhr (lofts) by Duisburg-Ruhrort. Yn'e midden it keunstwurk de Rheinorange.

De Ruhr is befarber oant Essen-Rellinghausen. Yn de 18e ieu wie it fral in transportier foar koalen. Ut reden fan de tanimmende skipfeart waard de rivier op ferskate plakken better befarber makke. It stienkoaleferfier wie sa'n bytsje dien mei de komst fan it spoar. Anno 2010 is de ekonomyske bestjutting fan de Ruhr rekreaasje, ferdivedaasje en ekektrisiteitsproduksje.

Oan de rivier is in oantal wetterkrachtsintrales te finen. Oare elektrisiteitssintrales brûke it wetter út de Ruhr as kuolwetter en mear as 5 miljoen minsken krije harren drinkwetter fan de Ruhr. Dêrfoar wurdt sa'n 510 miljoen m² wetter it jier út de rivier belutsen.

It Ruhrgebiet is neamd nei dizze rivier. De Ruhr mei niet betiisd wurde mei it rivierke de Roer, dat ek troch Nederlân rint.