Ruard Acronius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Ruard Acronius (Fryslân, 1546 - Skiedam, novimber 1612) wie in herfoarme teolooch út de 16e ieu.

Guon boarnen neame Ruard Acronius de broer fan Johannes Acronius en oaren sizze dat er earder in katolike pryster west hie. Yn 1572 ferskynt er as herfoarme predikant yn Frjentsjer. Neifolgjende jierren wie er warber yn Alkmaar en Boalsert. Yn 1599 waard er predikant yn Schiedam dêr't er ek stoar.

Hy waard omskreaun as in gelearde, mar ek yntolerante en krêftige persoanlikheid. Hy dage bygelyks de Mennoniten út foar in iepenbier debat dat yndie yn 1596 syn beslach krige. It gie doe tusken him en Pieter fan Ceulen. Nei leafst 56 lange gearkomsten ferklearren beide dat hja it debat wûn hiene.

Hy spile in wichtige rol yn it skeel tusken de Arminianen en de Kalvinisten ûnder Franciscus Gomarus. Hy holp Gomarus by in gefjocht yn 1609 yn De Haach.

Hy besocht in optreden fan Jan Uytenbogaert yn Bleiswijk te behinderjen. Uytenbogaert ferdigene it rjocht fan wrâldske lieders om yn tsjerklike saken besluten te nimmen; publisearre yn 1610 it traktaat Tractaet van 't ambt ende Authoriteyt eener hoogher Christelicker Overheyt - Acronius ferwarde him doe mei in Noodwendig Vertoog.

Yn 1610 presenraerre de Arminianen (of Remonstranten) harren fyzjes oan de Steaten fan Hollân, de remonstrânsje dêr't hja harren namme oan tankje. Acronius' namme stie boppe-oan de kontra-remonstrânsje dy't seis ôffurdigen fan de Kanvinisten dêrnei ynstsjinnen.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Onderregtinge over 't onderholt der dienaren der waren ghemeynten Christi, Frjentsjer, 1590
  • Enarrationes Catecheticae, Sciedam, 1606
  • Onderwyzinge over de Christ. catechism., Sciedam, 1608
  • Noodwendig Vertoog, 1610

Boarne[bewurkje seksje | edit source]