Roy Ayers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Roy Ayers (2011)

Roy Ayers (Los Angeles, 10 septimber 1940) is in Amerikaanske funk-, soul- en jazzfibrafoanist.

Ayers is al tsientallen jierren bekend as in pionier fan ferskillende streamingen yn de jazz. In de jieren 60 hold er him noch meast dwaande mei âlde jazz-stilen en wurke er gear mei bygelyks Herbie Mann, Curtis Amy en Chico Hamilton. Yn de jierren 70 en 80 rjochte er him lykwols op it byinoar bringen fan r&b mei jazz en funk. Yn de neifolgjende jierren gie er wer in oare kant út en krige de status fan Godfather of Acid Jazz fanwege de grutte rol dy't er spile yn de ûntjouwing fan dat sjênre en syn grutte populêrens yn fral Ingelân.

In tige bekend nûmer fan Ayers is Everybody Loves the Sunshine, mei omdat in protte hiphop-artiesten samples fan dat nûmer yn har muzyk ferwurke hawwe.

Neist it útbringen fan eigen soloalbums hat Ayers him ek op in tal oare flakken oppenearre. Yn de jierren 80 hie er syn eigen platemaatskippij Uno Melodic Records, hat er albums makke foar ferskate artysten en gearwurke mei de sjonger/muzikant Fela Kuti út Nigeria. Ayers rekket op jierren, mar toert noch hieltiid en brocht yn 2004 de cd Mahogany Vibe út.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]