Roxy Reynolds

Ut Wikipedy
Roxy Reynolds
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Roxie Reynolds, Roxy,
Sexy Schanell
echte namme Schanell Sanders
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 desimber 1983
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052011
offisjele webside
www.theroxyreynolds.com

Roxy Reynolds, echte namme: Schanell Sanders (Philadelphia, 28 desimber 1983), is in Amerikaansk glamourmodel en in rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Roxie Reynolds, en hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Sexy Schanell en koartwei Roxy. Reynolds sette yn 2005 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2010 waard se twaris nominearre foar in AVN Award. Yn 2011 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynolds waard yn 1983 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, mar se waard grutbrocht yn Columbus, yn Ohio. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it cheerleaderstiim en die se oan sporten as fuotbal, softbal en basketbal. Mei fyftjin jier hie se nei eigen sizzen foar it earst seksuële omgong. Nei't se yn 2001 slagge wie foar de eineksamens oan 'e Brookhaven High School yn Columbus, sette Reynolds útein mei in stúdzje sosjology en Spaanske taal- en letterkunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio.

Yn 2005, doe't se 22 jier wie, makke Reynolds har debút yn in pornografyske film. Hja makke al gau furoare en tekene yn 2006 in eksklusyf kontrakt mei de filmstudio Black Ice, wêrfoar't hja neitiid ek as wurdfierster fungearre. Datselde jiers rjochte se har eigen webside op. Yn 2008 wûn se twa Urban X Awards yn 'e kategoryen bêste froulike artyst en bêste froulike crossover. Yn 2010 waard se nominearre foar twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), yn 'e kategoryen meast ûnderwurdearre stjer fan it jier en bêste lesbyske sekssêne mei twa aktrises (tegearre mei Courtney Cummz), foar har rol yn 'e film Pussy Cats 3. Datselde jiers waard Reynolds troch it tydskrift Maxim útroppen ta ien 'e top 12 pornostjerren fan 'e wrâld.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Reynolds ûnder har karriêre as pornoaktrise yn totaal yn 90 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Devil's Film, Evil Angel, The Score Group, Red Light District, Hustler Video, VCA Pictures en Adam & Eve. Dêrnjonken wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions en Pure Play Media.

Reynolds wurke ûnder har karriêre gear mei kollega-aktrises as Cherokee d'Ass, Belladonna, Courtney Cummz, Jada Fire en Kapri Styles, en manlike tsjinspilers as T.T. Boy, Mr. Marcus, Mr. Pete, Lexington Steele en Prince Yahshua. Ien fan har bekendste films wie Roxy's World, út 2007, wêrfan't it senario spesjaal foar har skreaun wie en dy't opnommen waard yn Atlanta. Njonken har aktearwurk wie Reynolds ek tige aktyf as neakenmodel en fral as feature dancer yn stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rosy Reynolds is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 34B. Hja hat har boarsten net fergrutsje litten, mar hat wol ymplantaten yn har stuten pleatse litten. Reynolds hat behalven de gebrûklike piercings troch har earlellen ek in nâlpiercing en piercte spiennen. Fierders hat se in tatoeaazje fan in roas mei in banier mei tekst boppe har lofterboarst, en teffens in ûnderrêchtatoeaazje.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 Urban X Award wûn bêste froulike artyst n.f.t.
wûn bêste froulike crossover n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Courtney Cummz) Pussy Cats 3
nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: