Rotan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
rotan
Rotan troch de midden

Rotan is in materiaal dat levere wurdt troch de rotanpalm (Calamus rotang). Fan de droege stâlen wurde troch in frisseltechnyk bygelyks kuorren en meubels makke. Rotanmeubels binne by tiid en wile populêr en wurde bygelyks brûkt as túnmeubels, of meubels yn in sêre of op terraskes. Rotanstuollen hawwe as neidiel dat se frij skerpe útsteksels hawwe, dêr't froulju harren nylonhoazzen oan iepen helje kinne.

De kearn fan de stâlen wurdt ek brûkt. Dit hjit pitreid. Repen fan de hurde bûtenlaach fan de rotanstâlen hjitte frisselreid.

Oefenstok[bewurkje seksje | edit source]

Rotan is ek in oefenstok dy't brûkt wurdt by Eskrima. De stok is makke fan in spesjaal soarte bamboe of hurdhout, en wurdt brûkt om in swurd (kapmes) te ferfangen.
Noardwâlde wurdt ek wol rotandoarp neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]