Rotaasjeperioade

Ut Wikipedy

De rotaasjeperioade is de tiid dy't in himellichem nedich hat om ienris om syn as te draaien. Dy as rint fan de noard- nei súdpoal fan it himellichem.

De tiid dy't planeten yn ús sinnestelsel nedich hawwe om in rotaasje te meitsjen:

  • Merkurius: 59 dagen.
  • Fenus: 243 dagen.
  • Ierde: 23 oer 56 minuten 4 sekonden.
  • Mars: 24,6 oeren.
  • Jupiter: 9 oer 50 minuten
  • Saturnus: 10,2 oere.
  • Uranus: 16 oer 45 minuten.
  • Neptunus: 18 oeren.
  • Pluto: 6 dagen, 9 oer 18 minuten.