Roptastate (Winaam)

Ut Wikipedy
De Roptastate út it súdwesten wei

De Roptastate is in monumintale pleats mei hearehûs tusken Winaam en Roptasyl yn de gemeente Harns.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oan de strjitkant (Hoarnestreek) lizzende efterkant fan de Roptastate

De Roptastate is gjin stins, mar in state: in pleats mei hearehûs.[1]. De Roptastate tichtby Winaam waard om 1831 boud yn opdracht fan Jan Sikkes IJzenbeek en syn frou Geertje Oosterbaan.[2] Efter it hearehûs, oan de súdeastlike side, lieten se troch de túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard in park yn de saneamde lânskipsstyl oanlizze mei slingerpaden en fiverpartijen.

Yn 1890 waard de pleats by opbod ferkocht. Der waard 67.736 foar bean.[3]

It haadgebou fan Roptastate, de tún en it park, de stâl, in túnkoepel in tsjinstwenning en in smei-izerene hingbrêge binne erkend as ryksmonuminten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald (et al. - Monumenten in Nederland - Fryslân (2000) útjouwerij Waanders, Swol
  • Winaam (gemeente Harns)

  1. Der hat wol in stins Roptastate bestien, mar dy lei ûnder Mitselwier
  2. De 52-jierrige widner Jan IJzenbeek troude op 28 april 1831 yn Harns mei de 41-jierrige widdo Geertje Oosterbaan. Neffens Stenvert (et al.) wie IJzenbeek boargemaster fan Harns. Yn de argiven fan de boargerlike stân fan Harns stiet hy as keapman registrearre.
  3. Harnzger histoaryske boarnen: Stads- en dorpskroniek van G.A. Wumkes