Springe nei ynhâld

Ronnie Pander

Ut Wikipedy

Ronus (Ronnie) Pander (De Harkema, 5 maart 1977) is in âld Nederlânsk proffuotballer.

Ronnie Pander bruts as proffuotballer yn 1994 troch by SK It Hearrenfean, hy wie doe 18 jier. By dizze klup soe hy oant en mei 1999 spylje. Pander makke by SK It Hearrenfean ûnder oare de KNFB Bekerfinale yn 1997 tsjin Roda JC mei en spile yn de earste Jeropeeske fuotbalwedstriden fan de klup yn 1998. Yn 1999 gie Pander oer nei BF Feandaam, wêr't hy oant 2006 fuotbaljen bleau.

Pander hat yn syn karriêre as proffuotballer 221 wedstriden spile en 24 doelpunten set. Hy spile yn alle nasjonale jongereinalvetallen fan ûnder de 16 oant en mei Jong Oranje. Mei dizze ploegen makke hy in Jeropeesk Kampioenskip en in Wrâldkampioenskip foar jongereinalvetallen mei.

Nei syn karriêre as proffuotballer gie Pander foar ACV út Assen fuotbaljen. Sûnt 2008 spilet hy foar Fuotbalferiening Harkema-De Pein, de klup wêr't hy yn syn jonge jierren ek foar útkaam.

Yn 1995 hie Pander de rol fan Abe Lenstra yn it toanielstik "Abe!", oer it libben fan Abe Lenstra.