Rommert Casimir

Ut Wikipedy
Rommert Casimir

Rommert Casimir (Kollum, 29 septimber 1877 - Voorburg, 13 maart 1957) wie in Nederlânsk opfiedkundige en ûnderwiisfernijer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn heit, in bakjerinder, ferstoar doe't hy in heal jier âld wie, mar tanksij syn mem en âldere bruorren, wêrûnder de lettere arsjitekt Bonne Kazemier, koe hy in oplieding oan de gemeentlike kweekskoalle yn Grins folgje. Hy wie dêrnei ûnderwizer en learaar oan de kweekskoalle en studearre wyls wiisbegearte en psychology oan de Ryksuniversiteit Grins (doktoraal yn 1910).

Yn 1906 gie hy nei De Haach om, mei op foarspraak fan Jan Ligthart, de stifting fan in nij soarte skoalle ta te rieden. Yn 1909 kaam dizze skoalle, it Nederlandsch Lyceum ta stân. Casimir bleau oant 1930 rektor fan dit earste lyseum yn Nederlân. Fan 1918 oant 1947 wie er bysûnder heechlearaar yn de opfiedkunde oan de Ryksuniversiteit Leien, fan 1935 oant 1947 teffens bysûnder heechlearaar yn de empiryske psychology.

Casimir wie fan hûs út grifformeard, mar waard al jong remonstrant omdat hy net yn de predestinaasje leauwe woe. Poliyk besjoen hearde hy ta it Frijsinnich Demokratysk Bûn, wêryn't er lykwols nea in publike funjksje ferfolde. Hy skreau in grut oantal artikels oer ûnderwiis en opfieding, mar ek oer oare ûnderwerpen, wêrút in grutte ensyklopedyske kennis blykt. In oantal fan dizze artikels is bondele en dêrtroch noch altiten beskikber. Mei Jozef Emiel Verheyen redigearde hy de Pedagogische Encyclopedie. Yn 1950 krige hy in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit Gint.

Ferneamd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Rommert Casimir Institute of Developmental Psychopathology from a Cultural and Educational Perspective oan de Ryksuniversiteit Leien is nei him ferneamd, krektas inkele legere en middelbere skoallen.

Rommert Casimir wie de heit fan de natuerkundige Hendrik Casimir, ûnder mear de ûntdekker fan it Casimir effekt.

Seleksje út it wurk fan Rommert Casimir[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lessen in letterkunde, Kluwer, Dimter, 1909
  • Beknopte geschiedenis der wijsbegeerte, Wereldbibliotheek, Amsterdam, 1910
  • Zelf aan 't stuur : een bundel toespraken, Ploegsma, Swol, 1916
  • Wij en de wereld, Becht, Amsterdam, 1927
  • Opbouw : een bundel verzamelde opstellen, Wolters, Grins, 1927
  • Langs de lijnen van het leven, Becht, Amsterdam, 1927
  • Het Nederlandsch Lyceum van 1909 tot 1934, Wolters, Grins, 1934
  • Voor school en leven : verzamelde opstellen van R. Casimir

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]