Roelof Wijtsma

Ut Wikipedy
Roelof Wijtsma

Roelof Wijtsma (Bombay, 1967) is yllustrator en striptekener út Grins.

Hy gie nei de Akademy Minerva yn Grins en studearre ôf mei in tekenrigeprojekt. Hy makket tekenteltsjes foar berneblêden en edukative útjeftes en yllustrearret jeugd- en berneboeken (û.o. printeboekrige De wereld van Oek, tekst Hein Klompmaker). Ek is er de makker fan de tekenrige Arin dy't him ôfspilet yn de tiid fan de hunebêden (senario Frans Le Roux).

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De wereld van Oek 3: Oek gaat op reis (2007)
  • De ontvoering van Philips Willem, histoaryske rige (2006)
  • De wereld van Oek 2: Oek en het vuur (2005)
  • Getekend, ( ferhaal fan Christo Bijlsma ), (2004)
  • De wereld van Oek 1: Kind van hunebedbouwers (2003)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]