Rock&Roll museum

Ut Wikipedy

It Rock&Roll museum wie in museum yn Arum oer Rock & Roll. It museum siet oer meardere ferdjippings yn in âlde slachterswinkel. Oprjochter Theo Dasbach is letter ferhuze nei de Feriene Steaten en hat dêr syn museum fuortsetten. Letter hie hy in radioprogramma by A7 FM, de lokale omrop fan Boalsert.

Der wie ynformaasje oer de Beatles, Rolling Stones, Dave Clark Five, Jimmy Hendrix, Elvis Presley, the Doors, Cream, Byrds en it Woodstock festival. Boppedat waard omtinken jûn oan blues. De histoarje fan Sun Records en Phillips International naam ek in grut plak yn.

Der wienen platen, hantekeningen, kontrakten, grammofoans, tydskriften, tagongsbewizen, foto's te sjen. Mar ek âlde draaitafels, earste útjeften fan 45-toeren plaatsjes út de jierren 50 en 60 en der koene platen draaid wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: