Robert Falcon Scott

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Robert Scott")
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert Falcon Scott
Kaart mei de rûtes nei de poal fan Scott & Amundsen, mei plak en datum fan Scott's dea

Robert Falcon Scott (Stoke Damerel (by Devonport), 6 juny 1868Antarktika, (nei alle gedachten) 29 maart 1912) wie in Britsk marineoffisier en ûntdekkingsreizger, dy't ferneamd wurden is as lieder fan twa ekspedysjes nei Antarktika. By de twadde ekspedysje, de 'Terra Nova Expedition', is er om it libben kaam mei syn fjouwer selskipslju, troch in kombinaasje fan honger, útputting en ûnbidige kjelt, op de weromtocht fan de Súdpoal dy't er berikt hie op 17 jannewaris 1912, ien moanne nei Roald Amundsen.

Twadde ekspedysje nei Antarktika (1910-1913)[bewurkje seksje | edit source]

Reis en oankomst[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1910 sette Scott útein mei syn twadde ekspedysje, dit kear mei it doel om de geografyske Súdpoal te berikken. Underweis, krige er by oankomst yn Melbourne in tillegram fan Roald Amundsen . Amundsen wie ek op wei nei Antarktika, die bliken, mar it hoe en wat bleau ûnwis. Earder wist Scott noch fan neat, en hy hope mar dat Amundsen it net weagje soe en kies ek foar de McMurdo Sound as lanningsplak.

Omdat it ekspedysjeskip Terra Nova mei fierstente swiere lading by de reis nei Austraalje hast ûnder gien wie yn swier waar en troch it iis ôfsnien wie fan de âlde basis op Hut Point, keas Scott foar it noardliker Kaap Evans as winterferbliuw. Dat betsjutte lykwols dat er allinnich oar it ûnbetroubere simmeriis fan de McMurdo Sound fan Kaap Evans nei it Ross-iisplato komme koe en sa fierder nei it suden. Al by it lossen fan it skip gie it mis doe't ien fan de trije motorsliden troch it iis sakke en ferlern gie.

Tarieding[bewurkje seksje | edit source]

Foar it begjin fan de winter waarden depottochten makke as tarieding fan de eigentlike tocht fan takom jier simmer. It doel wie om oant 80° suderbreedte te kommen, mar Scott, dy't Shackleton en syn Nimrod-expedysje folge, en pony's brûkte om de sliden te lûken, woe de tige ferswakke bisten fierder sparje en besleat ta in "One-Ton depot" op 79°29' SB, 56 kilometer earder as de bedoeling wie en tsjin it advys fan Lawrence Oates yn dy't ferantwurdlik foar de hynders wie. Fan de acht pony's giene der op de weromtocht seis dea, trije doe't sy op in ôfbrekkende skosse ôfdreaunen. Fan de 17 bisten, dy't dúdlik net op it klimaat berekkene wiene, wie hast de helte ferlern foardat de reis goed en wol begûn wie. Werom yn it basiskamp krige Scott fan Victor Campbell te hearren, dy't wyls mei de Terra Nova it noarden eksplorearre hie, dat er ûnderweis Roald Amundsen moete hie yn de Walfiskbocht sawat 400 kilometer eastliker en likernôch 100 kilometer tichter by de poal. It waard doe dúdlik dat it in wiere wedstriid om de poal wurde soe.

Nei de poal[bewurkje seksje | edit source]

Op 24 oktober 1911 setten de twa motorsliden ûnder lieding fan Edward Evans as earsten útein op paad nei it suden, op 1 novimber folge troch Scott en de rest fan de ekspedysje mei 8 pony's. De hûneslide soe pas in pear dagen letter ôfsette mei de bedoeling de rest ûnderweis yn te heljen. Nei fiif dagen fûn Scott op syn wei de beide ferlitten motorsliden. Sûnder wikselstikken en ark foar reparaasjes wienen de djoere masines foargoed ferlern. Op 7 novimber wylst it neffens Scott troch in blizzard ûnmooglik wie om te reizgjen, kaam Cecil Meares mei syn beide hûneteams sûnder problemen by de ekspedysje, folle flugger as útrekkene wie. De poalhûnen blieken, mits goed laat, sawat trije kear hurder op te sjitten as de pony's en boppedat ek by swier waar ynsetber. Op 21 novimber waard it team fan Evans, dat no inkel op mankrêft de sliden luts, ynhelle. De karavaan wie no folslein en komplekser as ea mei sechtjin man en trije transportwizen: mankrêft, pony's, en hûnen elk mei harren eigen tempo. Neidat se begjin desimber fjouwer dagen blokkearre leinen troch sniestoarmen berikten se op 8 desimber de foet fan de Beardmoregletsjer. Neffens plan waarden hjir de oerbleaune pony's, dy't troch harren fretten hinne wiene en boppedat ûnmooglik de gletsjer op koenen, deamakke en yn in depot efterlitten as iten foar de weromreis. Twa dagen letter stjoerde Scott de hûneteams werom nei de basis sadat se him op syn weromreis fan de poal temjitte komme koenen mei nije foarrieden.

Fan no oan waarden de sliden inkel noch mei mankrêft lutsen. Tichtby de top fan de gletsjer waard de folgjende stipeploech weromstjoerd. Ienkear boppe-op it Poalplato soe besluten wurde hokker trije fan de sân oerbliuwers mei Scott trochstjitte soenen nei de poal. Op 3 jannewaris besliste Scott úteinlik dat syn slideteam besteande út Edward Wilson, Lawrence Oates, en Edgar Evans trochgean soe, mar oan Edward Evans, dy't mei syn team weromgean soe, frege hy om Henry Bowers ôf te stean om mei troch te gean. De keuze foar fiif ynstee fan fjouwer man hie swiere gefolgen. Alles wie organisearre op teams fan fjouwer, de tinte, de gearstalling fan de rantsoenen, de brânstoffoarried foar it sieden. Boppedat hie it team fan Evans twa dagen dêrfoar op befel fan Scott syn ski's efterlitte moatten, wêrtroch't se folle trager waarden en mear krêften brûkten by it slepen fan harren slide. Bowers soe dus as ienige geandewei fierder moatte mei de fjouwer oaren op ski's. Edwards moast him mei Lashly en Crean mei in man minder in wei werom bane nei de basis wat ek harren tocht bemuoilike, hy krige skuorbûk en waard amperoan rêden troch syn beide maten.

Scott mei syn maten op de Súdpoal.
Lofts nei rjochts
: Wilson; Bowers; Evans; Scott; Oates.

Op 9 jannewaris berikte Scott 88° 23' ZB, Shackeltons fierste súd trije jier earder. Scott wie no oertsjûge dat de poal helle wurde soe, der bleau allinnich noch de fraach oft hy der earst wêze soe. Op 16 jannewaris seach Henry Bowers in donker plak yn de fierte en rôp Scott. Tichterby kommend seagen se op ûngefear 25 kilometer fan de poal in swarte flagge dy't Amundsen brûkt hie om syn rûte nei de poal ôf te beakenjen. De oare deis luts Scott fierder foar de lêste kilometers en fûn dêr Amundsens "Polheim". In reservetinte dy't de Noar efterlitten hie mei boppe-op de Noarske flagge en binnenyn in brief rjochte oan kening Haakon VII. Foar Scott wie der in berjocht mei it fersyk dizze brief oer te bringen oan de kening, de tastimming om it efterlitten materiaal te brûken en de winsk dat hy behâlden weromkomme soe.

Weromtocht en dea[bewurkje seksje | edit source]

Fan doe ôf waard it in race tsjin de tiid om noch foar it ynfallen fan de winter de basis te berikken. De earste trije wyke fan de weromreis, no mei de wyn yn de rêch en in syl op de slide, koe men de gong der goed ynhâlde. Mar nei de ôfdaling fan de Beardmordegletsjer kamen de swierrichheden. Yn de hinnereis hie men de rûte net sekuer markearre. It paad en de fiedingsdepots wiene min werom te finen dat men ferlear in protte tiid mei sykjen. Dochs bestege Scott noch in heale dei, mei moai waar, oan it sammeljen fan 14 kilogram geologyske meunsters, wol ekstra gewicht om mei te tôchjen. Troch kjelt, swier wurk en te min iten wie men wilens tige ferswakke en ôfklaaid rekke. Underoffisier Edgar Evans krige lêst fan in al earder oprûnne wûne, dy't net betterje woe, en foel in pear kear. Hy rekke hieltiid mear efterop by de oare manlju. Op 17 febrewaris moasten de oaren him helje mei in slide, hy wie yn koma. Hy waard yn in tinte lein dêr't er deselde nacht stoar. Werom op het Ross-iisplateau ferrûn de tocht hieltiid dreger troch it minne waar, en it slagge harren net mear om genôch kilometers deis ôf te lizzen om op'e tiid de depots te berikken, boppedat die bliken dat dêr te min branje en iten opslein wie. De situaasje waard ûnhâldber doe't Oates troch gangreen hast neat mear rinne koe en de oaren ophâlde. Oates besefte dat er it sa net rêde soe en frege en Wilson om syn deiboek by syn mem te besoargjen. Doe't Oates de oare moarn wekker waard ferliet er syn tinte; neffens it deiboek fan Scott sei er doe: "I'am just going out, and may be some time", mar men hat him nea wersjoen. De trije oaren giene oant 21 maart fierder en wiene yntusken op 20 km fan "One Ton Depot" bedarre, doe't hja tsjinhâlden wurden troch in blizzard. Dat soe harren lêste kamp wurde.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Ponting, H.G. - Het eeuwige ijs: de Zuidpool-expeditie van Kapitein Scott. Een verhaal van den laatsten tocht naar de Zuidpool door kapitein Scott en diens tragisch einde, benevens een beschrijving van het natuurleven in het eeuwige ijs, J.M. Meulenhoff (Amsterdam, ± 1920).
  • Savours, Ann (red.) - Scott's Last Voyage Through the Antarctic Camera of Herbert Ponting - Ynlieding troch Sir Peter Scott, Sidgwick & Jackson (London, 1974).
  • Huntford Roland - The last place on earth, Pan Books (Londen, 1985). ISBN 0330288164
  • Cacho Gómez Javier - Amundsen-Scott: Duel in the Antarctic, Forcola (Madrid, 2011). ISBN 9788415174318

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]