Robert Bolton

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Robert Bolton (1572 - 16 desimber 1631) wie in Ingelske geastlike en akademikus, dy't bekind woarn is as in predikant.


Libben[bewurkje seksje | edit source]

Hy waard berne op in Pinkstersnein yn Blackburn yn Lancashire as de seisde soan fan Adam Bolton fan Backhouse. Hy folge syn oplieding wat hjoeddedei Queen Elizabeth's Grammar School yn Blackburn, dêr't syn heit in bestjoerder en stifter fan wie, en der waard fan him sein dat er "de bêste learling fan de skoalle wie". Doe't er 18 wie, waard er talitten ta it Lincoln College yn Oxford, dêr't John Randall stie. Hy wie in bejeftige studint, mar fanwege it ferstjerren fan syn heit it oare jier, krige er te krijen mei finansiële problemen. Richard Brett stipe him. Hy ruile fan skoalle en gie nei it Brasenose College, dêr't in Lancashire "beurs" te krijen wie en krige dêr syn B.A. op 2 desimber 1596 en yn 1602 keazen waard as meiwurker en syn M.A. krige oan 30 july fan dat jier. Hy wie net bysûnder religieus op dat stuit en wie net ûnder de yndruk fan it preekjen fan William Perkins; Bolton sei dat Perkins mar in "gewoane lege keardel" wie.