Robbe-eilân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Robbeneilân)
De poarte fan de finzenis op Robbe-eilân. Op de eftergrûn leit de Tafelberch

Robbe-eilân is in lyts rûn Súdafrikaansk eilân mei in diameter fan sa'n ien kilometer. It eilân leit likernôch tolve kilometer út de kust by Kaapstêd en is relatyf plat, it leit inkele meters boppe de seespegel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân is ferneamd omdat it sa’n 400 jier brûkt is as finzenis foar kriminelen en bannelingen. De Feriene Eastyndyske Kompanjy makke yn de 17e iuw al gebrûk fan it eilân as finzenis. It eilân wie ideaal foar it doel dêr't it foar brûkt waard omdat it wetter rûnom it eilân troch de golfstream iiskâld is. Fierders swimme der in protte wite haaien by it eilân. Sadwaande binne der mar trije minsken dy’t súksesfol ûntsnapt binne fan Robbe-eilân nei it fêstelân.

It eilân wie yn it begjin fan de 20e iuw in koloanje foar leprapasjinten. Mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waarden op it eilân kanonnen delset om Kaapstêd te beskermjen. Nei de kriich waard it eilân wer in finzenis.

Wrâldferneamd waard it eilân neidat bekend waard dat Nelson Mandela opsluten siet op it eilân. Mandela moast, lykas de oare finzenen op Robbe-eilân yn de kalkmyn fan it eilân arbeidzje. Troch it felle ljocht en de fine stof yn de wiete kalk waarden syn eagen skansearre. Under it wurk mocht mei de oare finzenen sprutsen wurde, mar oer polityk mochten se it net ha.

In kalkmyn op Robbe-eilân.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat yn maaie fan 1991 de lêste politike finzene frij kaam en yn 1996 de lêste kriminele finzene, waard de finzenis sluten. Hjoed de dei wurde op it eilân rûnliedings jûn oan toeristen troch âld-finzenen. De oertocht nei Robbeneilân bart mei boaten út Kaapstêd wei. De boat fart by de saneamde Mandela-gate wei nei it eilân. It eilân stiet sûnt 1999 op de UNESCO Wrâlderfgoedlist.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]