Rob Grabert

Ut Wikipedy
Rob Grabert
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 5 febrewaris 1964
berteplak Hilfarth, Dútslân
lingte 1,98 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1988, 1996
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen 1996

Robert Karl Baldwin (Rob) Grabert (Hilfarth, Dútslân, 5 febrewaris 1964) is in eardere Nederlânske follyballer. Rob Grabert wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympykse Spullen.

Grabert spile foar it earst foar de Nederlânske ploech yn 1986. Hy beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Hy die yn totaal twaris mei oan de Olympyske Spullen. Neist 1996 die er ek mei oan de Simmerspullen 1988 yn Súd-Korea doe't er mei de ploech yn Seoul fiifde waard. Yn 1992 miste er de Spullen fan Barselona, omdat er tsjin de wil fan bûnstrener Arie Selinger by de Italjaanske klup Schio spilje soe. Yn totaal hat Rob Grabert 331 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1] Nei de Spullen fan Atlanta spile er noch in jier yn Dútslân om dêrnei, nei fyftjin jier aktyf west te hawwen op it heechste nivo, op te hâlden mei it follybal.

Rob Grabert hat no in bedriuw yn biologysk en ekologysk iten yn Limburch en Itaalje.

Clubs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

perioade club
1982–1988 Nashua Geldrop
1988–1990 Martinus Amstelveen
1990–1991 Pallavolo Catania
1991–1993 Jockey Schio
1993–1994 Latte Giglio Reggio Emilia
1994–1996 Rentokil-Zevenhuizen
1996–1997 Moerser SC


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo