Riverton (Wyoming)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Riverton (Wyoming)
It Riverton Museum, op 'e hoeke fan Park en 7th Street.
It Riverton Museum, op 'e hoeke fan Park en 7th Street.
Sifers
Ynwennertal 10.971 (2012)
Oerflak 25,6 km² (ynkl. wetter)
25,5 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 415,7 / km²
Hichte 1.509 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Wyoming.svg Wyoming
County Fremont County
Oar
Stifting 1906
Tiidsône UTC-7
*Simmertiid UTC-6
Koördinaten 43°01′40″N 108°23′42″W
Webside www.rivertonwy.gov
De lizzing fan Riverton yn Fremont County en yn 'e steat Wyoming.

Riverton ['ɹɪvǝɹtn] (Arapaho: Hóóxonó’oo, útspr.:[hɔ:xɔnɔʔɔ:]) is in stêd yn Fremont County, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. It makket diel út fan it Wind River Yndianereservaat (Wind River Indian Reservation). Neffens in offisjele skatting út 2012, op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010, hie Riverton doe krapoan 11.000 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Riverton, dat sa neamd is om't dêr fjouwer rivieren byinoar komme, waard yn 1906 stifte op lân dat de Arapaho Stamme (Arapaho Tribe) en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe) fan it Wind River Yndianereservaat op lêst fan it Amerikaanske Kongres ôfstean moatten hiene foar kolonisaasje troch blanken. De stammen leine har lykwols net by dy gong fan saken del, en de tsierderij oer Riverton giet oant hjoed de dei troch. Yn desimber 2013 besleaten it Amerikaanske Miljeubeskermingsagintskip (EPA), it Ministearje fan Binnenlânske Saken en it Ministearje fan Justysje dat Riverton ûnderdiel útmakke fan it reservaat. Dêrmei liek de saak nei mear as in ieu fan strideraasje einlings besljochte te wêzen, mar yn 2014 focht de steat Wyoming dit beslút by de rjochter oan. It is op dit stuit (juny 2014) noch net bekend hoe't it úteinlik beteare sil.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Riverton 15,2% âlder as 65 jier en 23,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 31,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere sifers, fan 'e folkstelling fan 2000, libbe doe 15,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 74,5% blanken; 10,4% Yndianen; 9,0% Latino's; 0,5% swarten; 0,3% Aziaten; 5,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Riverton hat in steppeklimaat, mei kâlde droege winters en hjitte, justjes wietere simmers. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –1,1 °C. Riverton kriget jiers trochinoar 223,1 mm delslach.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.