Rivella

Ut Wikipedy
Rivella
Lân fan oarsprong   Switserlân
Regio fan oarsprong Ticino
Fabrikant Vrumona
Op de markt brocht 1952
Kleur brún
Farianten Rivella Original,
Rivella Framboos,
Rivella Ananas,
Rivella Cranberry
webside rivella.nl
Trije soarten Rivella
Trije soarten Rivella

Rivella is in koalsoerhâldende frisdrank dy't foar in part út waai makke wurdt. Dizze frisdrank bliuwt oer by de tsiisproduksje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It produkt waard yn 1952 yn Switserlân troch dr. Robert Barth útfûn.

It wurdt sûnt 1957 yn lisinsje yn Nederlân makke troch NV Concentra, foarme troch Koöperative Kondinsfabryk Fryslân en in Switserske molkfabryk. It waard doe produsearre troch it eardere Lijempf-fabryk yn Wolvegea. Anno 2008 makke troch Vrumona. Lange tiid wie Rivella der yn twa farianten: de 'gewoane' Rivella (mei in benammen read label), mei sûker as swietstof, en in ferzje sûnder sûker, "Rivella Light" (op oare plakken bekend as Rivella Blau).

Sûnt 2005 wurdt yn Nederlân ek Rivella mei griene tee-ekstrakten ferkocht, wer mei sûker as swietstof. It is yn oare lannen bekend as Rivella Grien.

Rivella kin beskôge wurde as de nasjonale drank fan Switserlân mei in merkoandiel fan 15% (2002) en is fierder eigentlik allinnich bekend yn de regio's om Switserlân (Súd-Dútslân, Eastenryk, East-Frankryk) en Lúksemboarch en Nederlân. Wat no Rivella Light hjit waard foar it earst yn Nederlân yntrodusearre yn 1958 foar diabetisi en hat dêr it grutste merkoandiel bûten Switserlân.

Rivella brûkte lange tiid de reklameslogan "Rivella, in bytsje frjemd, mar wol lekker", dy't tige bekend wurden is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: