Rita Hayworth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rita Hayworth
Hayworth yn oktober 1941.
Rita Hayworth 1944
Hayworth as Rosalind Bruce yn Tonight and Every Night (1945).
Rita Hayworth 1977

Rita Hayworth, berne as Margarita Carmen Cansino (New York, 17 oktober 1918 - dêre, 14 maaie 1987) wie in Amerikaanske readhierige aktrise en sekssymboal, it meast opfallend yn Gilda (1946). Sy ferskynde yn 61 films yn 37 jier.

Al doe't hja noch in bern wie oefene sy har yn't dûnsjen. Mei tolve jier stie Rita al op de planken, mar yn 1935 krige hja in kontrakt by Fox Studios. Sy feroare har namme ta Rita Hayworth. Dêrnei krige sy in kontrakt by Columbia Pictures en waard ferneamd mei har rol yn de film Only Angels Have Wings (1939). Har folgjende film wie yn 1941; ze spile yn The Strawberry Blonde, en doe yn Blood and Sand (ek yn 1941). Nei dy lêste film waard hja in stjer. Sy waard in pinup-girl en in protte soldaten yn de Twadde Wrâldkriich hiene har foto mei.

Hayworth hat fiif kear troud west. (Basically, I am a good, gentle person, hat hja in kear sein, but I am attracted to mean personalities.) Hja hat der twa dochters oan oerhâlden.

Rita Hayworth hat in grut part fan har libben in swiere drinker west. Yn de jierren 60 krige sy de sykte fan Alzheimer, wat eltsenien let troch hie fanwegen har alkoholisme. Hayworth stoar earst op 14 maaie 1987.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

As Rita Cansino[bewurkje seksje | edit source]

  • Anna Case in La Fiesta (Lytse rol, 1926)
  • Cruz Diablo aka The Devil's Cross (Uncredited, 1934)
  • In Caliente (1935) (mar guon sênes wiske)
  • Under the Pampas Moon (1935)
  • Charlie Chan in Egypt (1935)
  • Dante's Inferno (1935)
  • Paddy O'Day (1935)
  • Human Cargo (1936)
  • Meet Nero Wolfe (1936)
  • Rebellion (1936)
  • Old Louisiana (1937)
  • Hit the Saddle (1937)
  • Trouble in Texas (1937)

As Rita Hayworth[bewurkje seksje | edit source]

Fierder lêze[bewurkje seksje | edit source]

  • Kobal, John. - Rita Hayworth: The Time, the Place, the Woman (1977). ISBN 0-393-07526-5
  • McLean, Adrienne L. - Being Rita Hayworth: Labor, Identity, and Hollywood Stardom (2004). ISBN 0-8135-3389-9
  • Morella, Joe and Epstein, Edward Z. - Rita: The Life of Rita Hayworth (1983). ISBN 0-385-29265-1
  • Peary, Gerald. - Rita Hayworth: A Pyramid Illustrated History of the Movies (1976). ISBN 0-515-04116-5
  • Ringgold, Gene. - The Films of Rita Hayworth: The Legend and Career of a Love Goddess (1974). ISBN 0-8065-0439-0

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]