Rispenserpoldermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Rispenserpoldermûne yn 2009

De Rispenserpoldermûne is in poldermole 400 meter ten súdeasten fan it doarp Easterein yn de gemeente Littenseradiel.

De Rispenserpoldermûne is in grûnsiler dy't oarspronklik yn 1821 boud waard foar it bemeallen fan de Rispenserpolder. Hy hie dizze funksje oant 1964. Twa jier letter waard de mûne eigendom fan de destiidske gemeente Hinnaarderadiel (sûnt 1984: Littenseradiel). Dizze liet him restaurearje, mar by einbeslút rekke de Rispenserpoldermûne sadanich yn ferfal, dat hy úteinlik sûnder roeden stie. Yn 1993/1994 waard de mûne sawat 125 meter yn noardlike rjochting fersetten en dêr restaurearre. Sûnttiid is hy wer mealree. De achtkante mûne mei in flecht fan 12,74 m. kin op ôfspraak besichtige wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]