Rinse Klaasses Koopmans

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Rinse Klaases Koopmans (Grou, 9 maart 1770 - Koudum, 5 septimber 1826) wie in meniste teolooch en predikant.

Rinse Koopmans wie in soan fan Klaes Rinses Coopmans, bûterkeapman en likepreker fan de menistegemeente yn Ljouwert. Hy studearre oan it Amsterdamske Mennisteseminary en stie dêrnei as predikant yn Bloksyl 1794, Dokkum 1795 en fan 1795 oant 1812 yn Amsterdam.[1] Dêrnei waard er heechlearaar oan it Mennisteseminary.

Koopmans skreay in tal Verhandelingen, dy't publisearre waarden. De zoenoffers des Ouden Verbonds en den dood van Christus met derselve vergeleken wûn in priis fan it Teylers Earste Genoatskip, dêr't yn 1815 ek lid fan waard.

Koopmans syn rede oer Gysbert Japiks yn 1801 brocht fannijs omtinken foar dy 17e ieuske Fryske dichter.

Yn 1797 boaske er oan Janke Cnoop (stoarn 1823) fan Boalswert. Koopmans stoar yn syn hûs yn Boppebuorren ûnder Koudum.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koopmans, Rinse (1770-1826) yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online