Rinkon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Rinkon op Bonêre

Rinkon (Rincon)is de âldste delsetting op it eilân Bonêre yn Karibysk Nederlân. It doarp hat sa'n 1.788 ynwenners (25-04-2007).

It palk is yn de 16e ieu stichte troch de Spanjerds. Sy keazen in plak yn in delling tusken de hichten oan de noardkant fan it eilân. Sa wie Rincon net fan see ôf net te sjen, wat wichtich wie as beskerming tsjin piraterij. De namme betsjut 'hoeke'.

Ynhâld

Festivals [bewurkje seksje]

Der binne ferskate festvals, sa as it jierlikse Simadan (rispinge)festival, Dia di San Juan, Dia di Rincon (30 april) en it Bari Festival.

Merk [bewurkje seksje]

Eltse moanne in merk en wykliks in lytse merk (Marshe Chikitu).

Sport [bewurkje seksje]

Rinkon hat twa fuotbalteams: Real Rincon en Vespo.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]