Rinko Kikuchi
Rinko Kikuchi (菊地 凛子, Kikuchi Rinko), berne as Yuriko Kikuchi (菊地 百合子, Kikuchi Yuriko, Hadano, 6 jannewaris 1981) is in Japanske aktrise. Har rol yn Babel brocht har by in breed publyk yn de kunde. Foar itselde optreden krige sy ûnder oaren in National Board of Review Award takend.
Kikucho makke yn 1997 har filmdebút yn de televyzjefilm Gakkō no kaidan F. Twa jier letter de butearre sy op it wite doek yn Ikitai, yntenasjonaal útjûn ûnder de titel Will to Live. Kikucho ferskynde yn 2006 foar it earst yn yn net-Japansktalige film, doe't hja Chieko Wataya (in dôf-stom tsnienerfamke) spile yn Golden Globe-winner Babel. Sy waard dêrfoar yn 2007 nominearre foar tagelyk in Academy Award , in Golden Globe en in Satellite Award. Dêrmei wie se net yn ien kear ferkocht oan it Westen. Dat moast oant 2008 wachtsje doe't Kikuchi as Bang Bang opdûkte yn it Amerikaanske The Brothers Bloom.
Filmografy [bewurkje seksje]
*Sûnder de televyzjefilms
- Map of the Sounds of Tokyo (2009)
- Kiru (2008, aka Rebellion: The Killing Isle)
- The Brothers Bloom (2008)
- Sukai kurora (2008, aka The Sky Crawlers - stem)
- Koi suru madori (2007, aka Tokyo Serendipity)
- Genius Party (2007, stem)
- Zukan ni nottenai mushi (2007, aka The Insects Unlisted in the Encyclopedia)
- Umi de no hanashi (2006)
- Warau Mikaeru (2006, aka Arch Angels)
- Babel (2006)
- Naisu no mori: The First Contact (2005, aka Funky Forest: The First Contact)
- Taga tameni (2005, aka Portrait of the Wind)
- Survive Style 5+ (2004)
- 69 (2004)
- Cha no aji (2004, aka The Taste of Tea)
- Riyû (2004, aka The Reason)
- Tori (2004)
- Shiritsu tantei Hama Maiku: Namae no nai mori (2002, aka Mike Yokohama: A Forest with No Name)
- Drug (2001)
- Paradice (2001, aka Paradise)
- Sora no ana (2001, aka Hole in the Sky)
- Sanmon yakusha (2000, aka By Player)
- Ikitai (1999, aka Will to Live)
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rinko Kikuchi fan Wikimedia Commons. |