Richard Doll

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Richard Doll

Professor Sir William Richard Shaboe Doll (Londen, 28 oktober 1912Oxford, 24 july 2005) wie in Britsk epidemiolooch.

Doll wie ien fan de earsten dy't bewiisde dat it smoken fan tabak longkanker feroarsaket en it risiko op hert- en fetsykten fergruttet. Yn de jierren fjirtich naam longkanker bot ta. Mun miende doe yn it generaal dat dat fan it asfaltearjen fan wegen, útlitgassen en Röntgenapparatuer kaam. Yn 1948 die Doll in case-control stúdzje nei longkanker. It die bliken dat smoke de wichtichste oarsaak fan longkanker wie, en dat it risiko op longkanker bot grutter waard mei it tal sigaretten dat smookt waard. Hy hâlde doe sels op mei smoken. De earste jierren waard syn ûndersyk amper leaud, hoewol't de Amerikaan Wynder en de Nederlanner W.F. Wassink te ferlykjen resultaten publisearren. Letter die bliken dat it ferbân tusken smoken en longkanker al yn 1943 troch ûnder oaren de nazi-artsen Schairer en Schöniger ûntdutsen wie.
Yn 1954 sette Richard Doll de British Doctors Study op. Dy prospektive kohort-stúdzje liet nochris sjen dat smoken grif longkanker feroarsaakje kin.

Doll hat ek paadsljochtsjend ûndersyk dien nei it ferbân tusken radioaktive strieling en leukemy, en dat tusken asbest en kanker. Passyf smoken siet er net oer yn.

Doll krige in soad prizen foar syn wittenskiplik wurk en yn 1971 is er troch de Britske keninginne ta sir beneamd.

Krityk[bewurkje seksje | edit source]

Nei syn dea ûnstie der striderij oer in part fan syn wurk. It die bliken dat er lange tiid jild bard hie fan gemyske bedriuwen waans produkten er foar de rjochtbank ferdigene hie. Hy barde bygelyks US$ 1,500 op in dei fan de Monsanto Company foar tsjinsten dy't fan 1976 oant 2002 duorren. Hy barde ek fan Chemical Manufacturers Association, Dow Chemicals en ICI. Syn ferdigeners sizze dat syn bannen mei de yndustry by saakkundigen bekend wie en dat syn oardiel oer produkten objektyf wie en net altyd yn it belang fan de bedriuwen dy't him rieplachten. Hy wie sels fan betinken dat meiwurkjen mei bedriuwen nedich wie om in in goed oardiel oer harren produkten te krijen.