Rhona Mitra

Ut Wikipedy
Rhona Mitra
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rhona Natasha Mitra
nasjonaliteit Britsk
berne 9 augustus 1976
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Bingaalsk
Iersk
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
Rhona Mitra yn 'e IMDb

Rhona Mitra (soms misstavere as Rona Mitra; folút: Rhona Natasha Mitra; Londen, 9 augustus 1976) is in Britsk aktrise, model en sjongster fan mingd Bingaalsk-Iersk etnysk komôf. Hja waard bekend doe't hja ein 1990-er jierren it Lara Croft-model wie. Neitiid sette se útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se û.m. op 'e tillefyzje te sjen wie yn searjes as Party of Five, The Practice, Boston Legal, Strike Back, The Last Ship en Supergirl. Ek spile se yn films as Beowulf (1999), Doomsday en Underworld: Rise of the Lycans.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rhona Mitra waard yn 1976 berne yn 'e Londenske wyk Paddington, as de dochter fan 'e plastysk sjirurch Anthony Mitra, dy't in etnyske Bingalees út Yndia is, en dy syn frou Nora Downey, wa har famylje út Ierlân stammet. Mitra hat twa bruorren: Jason, dy't twa jier âlder is, en Guyan, dy't jonger as har is en as skriuwer wurket foar Lonely Planet en The Sunday Times.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mitra, dy't al fan bern ôf oan as model aktyf wie, waard oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren útkeazen om 'e libbene ferpersoanliking te wurden fan it populêre personaazje Lara Croft, út it fideospultsje Tomb Raider. Dat wie foar't aktrise Angelina Jolie dy rol op har naam yn 'e beide Tomb Raider-films (2001 en 2003). Mitra tsjinne as Lara Croft fan 1997 oant 1998, doe't se opfolge waard troch Nell McAndrew. Dêrnei besocht Mitra in karriêre as sjongster fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net.

Mitra hie har earste filmrol as in groupie yn Eddie Izzard: Glorious, út 1997, wylst se al yn 1995 har debút op 'e tillefyzje makke hie yn in ôflevering fan 'e searje Ghost Busters of East Finchley. Yn 1999 wie se mei Chistopher Lambert te sjen yn Beowulf, en datselde jiers krige se in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e Amerikaanske dramasearje Party of Five, as Holly Marie Beggins, de geheime leafde fan haadrolspiler Scott Wolf. Fan 2003 ôf spile se twa seizoenen lang Tara Wilson yn 'e rjochtbankdramasearje The Practice en de spin-off dêrfan, Boston Legal. Yn 2004 hie se haadrollen yn 'e film Highwaymen en de minysearje Spartacus, wylst se yn 2005 te sjen wie yn 'e searje Nip/Tuck.

Yn 2008 hie Mitra de haadrol yn 'e science fiction-aksjefilm Doomsday, as majoar Eden Sinclair, wylst se yn 2009 yn 'e fantasyfilm Underworld: Rise of the Lycans it personaazje Sonja spile: de dochter fan 'e machtige fampier Viktor, dy't fereale rekket op in wearwolf. Under de opnamen fan dy lêste film rekke Mitra ferslingere oan it dragen fan har lange fampierhoektosken, dy't se ek ynhold as dat net hoegde om't se op 'e bylden dochs net te sjen wiene. Hja sei: "Ik die dy hoektosken op 'e earste dei yn, en hie it gefoel dat ik se altyd al hawwe moatten hie; hiel nuver. Dat ik hold se yn salang't we mei de film oan 'e gong wiene, by myn dialooch en al."

Rhona Mitra yn 2007.

Mitra spile yn 2010 yn 'e skrillerfilm Stolen, mei û.m. James Van Der Beek. Yn 2012-2013 fertolke se yn it trêde en fjirde seizoen fan 'e aksjesearje Strike Back: Project Dawn de rol fan majoar Rachel Dalton, wêrby't se aktrise Amanda Mealing ferfong. Fan 2014 oant 2015 hie Mitra yn 'e post-apokalyptyske dramasearje The Last Ship de rol fan dokter Rachel Scott. Yn 2017 spile se Charlotte yn it fjirde seizoen fan The Strain. Yn 2018 waard se cast as Mercy Graves yn 'e searje Supergirl.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

studio-albums
  • 1998 – Come Alive
  • 1999 – Female Icon
singles
  • 1997 – Getting Naked

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1995 Ghostbusters of East Finchley Cass gastrol; ôfl. 1.5
1996 The Bill Sarah Wickes gastrol; ôfl. Outer
1997 Lust for Glorious la Dame Française tillefyzjefilm
1997 The Man Who Made Husbands Jealous   Flora Seymour minysearje
1999–2000 Party of Five Holly Marie Beggins weromkearende rol; 12 ôfl.
2000 Secret Agent Man Lacey Sullivan gastrol; ôfl. Supernaked
2000–2001 Gideon's Crossing dokter Alejandra Ollie Klein fêste rol; 20 ôfl.
2003–2004 The Practice Tara Wilson fêste rol; 22 ôfl.
2004 Spartacus Varinia minysearje
2004 Boston Legal Tara Wilson fêste rol; 20 ôfl.
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise (2006)
2005 Nip/Tuck Kit McGraw weromkearende rol; 5 ôfl.
2010 Stargate Universe Commander Kiva weromkearende rol; 3 ôfl.
2010 The Gates Claire Radcliff fêste rol; 13 ôfl.
2012 Crisis Point Cameron Grainger tillefyzjefilm
2012–2013 Strike Back majoar Rachel Dalton fêste rol; 14 ôfl.
2014–2015 The Last Ship dokter Rachel Scott fêste rol; 23 ôfl.
2017 The Strain Charlotte weromkearende rol; 4 ôfl.
2018 Supergirl Mercy Graves weromkearende rol; 4 ôfl.
films
1997 Eddie Izzard: Glorious groupie direkt-op-fideo útbrocht
1997 A Kid in Aladdin's Palace Sjeherazade direkt-op-fideo útbrocht
1998 Croupier fanke mei joint
1998 Monk Dawson Mollie Jolliffe
1999 How to Breed Gibbons Juliet koarte film
1999 Beowulf Kyra
2000 Hollow Man buorfrou fan Sebastian
2000 Get Carter Geraldine
2002 Ali G Indahouse Kate Hedges
2002 Sweet Home Alabama Tabatha Wadmore-Smith
2003 The Life of David Gale Berlin
2003 Stuck on You seksy frommeske op bushalte  
2004 Highwaymen Molly Poole
2006 Skinwalkers Rachel Talbot
2007 The Number 23 Laura Tollins
2007 Shooter Alourdes Galindo
2008 Doomsday Eden Sinclair
2009 Underworld: Rise of the Lycans Sonja as ferfangster fan Jázmin Dammak, dy't deselde rol yn 'e earste film spile
nom. Scream Award foar bêste aktrise
2009 Separation City Katrien Becker
2009 Stolen Barbara Adkins
2010 Reuniting the Rubins Andie Rubin
2014 The Loft Allison Vanowen
2016 Hard Target 2 Sofia direkt-op-fideo útbrocht
2018 Game Over, Man! Erma
2018 The Fight Amanda Chadwick
2020 Archive Simone
2020 Skylines dr. Mal
2022 The Other Me Martha
2022 Prisoners of Paradise Betty
2023 Hounds of War Caterina Murino
fideospultsjes
1997 Tomb Raider II Lara Croft live-actionpromoasjemodel

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.