Reykjavík

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Reykjavík sjoen fanôf Hallgrimskirkja
Lizzing fan Reykjavík

Reykjavik is de haadstêd fan Yslân. In grut part fan de ynwenners wurket yn de fiskerij en industry. Oare middels fan bestean binne de hannel en tsjinstferliening. Reykjavik is ek it lanlik sintrum foar hannel en transport. Fierders binne de wichtichste oerheidsynstellingen ûnderwiis en sosjale en sûnenstsjinsten dêr festige. De haven fan Reykjavik is de grutste fan it lân. Tichtby de stêd leit de berch Esja

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Neffens de oerlevering waard Reykjavik yn 871 stifte troch Ingólfur Arnarson, de earste kolonist fan Yslân. Hy arrivearre mei syn skip en smiet twa balken oerboard wêr't er by sei dat er in pleats bouwe soe op it plek dêr't se oan lân spielden. Hy neamde dat plak Reykjavik (Reekbaai), omdat er dêr steam oprizen seach út hjitte boarnen yn de omjouwing. Syn pleats stie tusken de plakken dêr't tsjintwurdich it stedhûs fan Reykjavik stiet en dêr't de eardere haven lei.

Doe't Reykjavík yn 1786 stedsrjochten krige, wie it amperoan noch in doarp mei 170 ynwenners. Sûnt dy tiid waakste de befolking stadichoan. Ek ferfarde (of waarden ynsteld) it lânsbestjoer en ûnderwiisynstânsjes dêrhinne, lykas de Alþing (parlemint), it heechgerjochtshôf en de setel fan de biskop. Yn 1911 waard de universiteit fan Yslân yn Reykjavik oprjochte.

Begjin 20e ieu hie de stêd om-ende-by 12.000 ynwenners en sûnt de Twadde Wrâldkriich hat de groei him goed ynset, mei tsjintwurdich likernôch 118.861 ynwenners (1 april 2008) op in oerflak fan goed 994 km². Dat is sawat 40% fan de befolking fan Yslân.

[bewurkje seksje] Transport

In Reykjavik binne twa lofthavens:

  • in lofthaven, dy't yn de stêd leit, foar binnenlânske flechten en flechten nei Grienlân en de Faeröereilannen;
  • de lofthaven Keflavik, sawat 50 km súdwestlik fan Reykjavik, dat benammen foar ynternasjonale flechten brûkt wurdt.

[bewurkje seksje] Berne yn Reykjavik

[bewurkje seksje] Boarne

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings