Republyk Rodeezje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Republyk Rodeezje is in earder lân yn Afrika.

De namme Rodeezje ferwiisde nei in Britske koloanje dy't bestie út:

  • Noard-Rodeezje, it hjoeddeiske Sambia
  • Súd-Rodeezje, it hjoeddeiske Simbabwe

Yn 1963 waard Sambia ûnôfhinklik. Grut-Brittanje woe ek ûnôfhinklikheid foar Súd-Rodeezje mei in swart mearderheidsbestjoer. Op 11 novimber 1965 rôp de blanke regearing ûnder lieding fan Ian Smith lykwols iensidich de ûnôfhinklikheid út fan it eardere Súd-Rodeezje ûnder de namme Rodeezje. It wie de bedoeling fan Smith om lid te wurden fan it Britske Mienebest mei keninginne Elisabeth II as staatshaad, mar Grut-Brittanje erkende it regear fan Smith net. Yn 1970 waard Rodeezje in republyk.

De Rodesyske republyk waard ynternasjonaal net erkend en wie yn in boargeroarloch mei de marxistyske ZANU en ZAPU.

Yn 1979 waarden troch de blanke regearing algemiene ferkiezings tastien wêrby't ek de swarte befolking stimme mocht. De ZANU en ZAPU mochten lykwols net meidwaan oan de ferkiezings. Der kaam in oergongsregearing mei Abel Muzorewa as premier. It lân krige de namme Simbabwe-Rodeezje. Ein 1979 waard besluten om de koloniale situaasje tydlik te werstellen ûnder in Britske gûverneur. By de ferkiezings dy't yn 1980 folgen krigen ZANU en ZAPU fierwei it grutste part fan de swarte stimmen en waard it lân ûnôfhinklik ûnder de namme Simbabwe.