Reinier Nooms

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reinier Nooms: Foar de Slach by Duins, ± 1639
Reinier Nooms: De Paerrel in Oostindis Vaerder, Den Dubbelen Arent in Westindis Vaerder, ± 1650

Reinier Nooms, bynamme Seeman (Amsterdam, ± 1623 - dêre, augustus 1664) wie in Amsterdamske keunstskilder dy't foaral skippen skildere.

Hy hie in rûch seemanslibben efter de rêch foar't er op lettere jierren mei it skilderjen, etsen en gravearjen begûn. Hoe dat er it leard hat is net bekend. Hy wist in soad fan de skipfeart dat docht dúdlik bliken út syn detaillearde ôfbylden fan skippen en útlânske plakken. Syn wurk tsjinne as foarbyld foar oare keunstners.

Nooms hat in protte reizge. Hy hat yn Parys, Feneetsje en mûlk ek yn Berlyn west, een reizge de kust fan Noard-Afrika bydel, al skilderjend en tekenjend.

Foaral it skilderjen fan de Nederlânske oerwinnings yn de seeslaggen fan de Ingelsk-Nederlânske Oarlogen mocht er graach dwaan. Hy skildere it flaggeskip Amalia fan Marten Tromp foar de Slach by Duins yn 1639 (Nasjonaal Maritym Museum yn Londen) en de Slach by Livorno yn 1653 (hinget no yn it Ryksmuseum).

Fanôf de 1650er jierren begûn Nooms mei it etsen fan skippen en topografyske ûnderwerpen dy't er yn it earstoan ek útjoech. Dat etswurk wurdt skaaimerke troch ferfining en waard troch in protte keunstners as foarbyld brûkt. Foaral de 19e ieuske Frânske etser Charles Méryon waard tige fan Nooms beynfloede. Nooms' Paryske stedsgesichten wiene de ynspiraasjeboarne foar Méryon syn rige etsen fan Parys. Méryon droech wurk yn dichtfoarm op oan Nooms.

Ien van Nooms syn lêste skilderijen, út 1664, lit it IJ sjen en 's Lands Zeemagazijn (it magazyn fan de marine), no it Skipfeartmuseum, yn Amsterdam. It skilderij hinget ek yn dat museum.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Reinier Nooms en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.