Reinoud III fan Gelre

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Reinald III fan Gelre)
Earste segel fan Reinoud III, brûkt fan 20 septimber 1344 oant 6 jul 1349

Reinoud III 'de Dikke' fan Gelre (13 maaie 1333 - 4 desimber 1371) wie hartoch fan Gelre.

Reinoud III wie de soan fan Reinoud II fan Gelre en Eleönoara fan Ingelân. Nei de dea fan syn heit yn 1343, waard syn mem fâd oer him en regeare hja yn Gelre. Op syn tolfte waard Reinoud mearderjierrich ferklearre. Hy wie boaske mei Maria fan Brabân, mei gefolch dat er fan twa siden te krijen hie mei it skeel tusken de Frânsk-Brabânske partij en de Ingelske partij yn ferbân mei de hûndertjierrige oarloch.

Sirka 1350 kaam der spul tusken Reinoud en syn jongere broer Edwert. As gefoch dêrfan waard Reinoud sammelpunt foar de Heekerens yn de partijstriid tusken de Bronkhorsten en de Heekerens, wylst syn broer sammelpunt fan de Bronkhorsten waard. Yn 1361 einige dit skeel dermei dat Reinoud yn hannen fan syn broer rekke en doe fêstsetten waard op kastiel Roosendaal by Arnhim en letter yn kastiel Nijenbeek by Foarst.

Nei de dea fan syn broer yn 1371 waard Reinoud frijlitten. Dat gie neffens it ferhaal noch net sa maklik, want wylst er finzen holden waard hie er it dêr sa goed hân dat er net mear troch de doar fan syn sel koe. Earst nei't der in stik fan de muorre útbrutsen wie koe er út it kastiel komme. Reinoud wie noch in pear moannen hartoch, oant er 4 desimber ferstoar. Hy waard begroeven yn it kleaster Grafenthal. Mei him einige it Hûs Wassenberch.