Rein Miedema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Rein Miedema (Harns, 1835 - Rotterdam, 1912) wie in keunstskilder yn Harns.

Miedema wenne en wurke yn Harns, wie troud mei Jeltsje Schaafsma. De húshâlding ferhuze yn 1861 nei Rotterdam doe't er dêr learaar wurde koe oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten en Technyske Wittenskippen. Harren soan Simon Miedema krige dêr syn oplieding, waard byldhouwer en letter ek dosint oan de Akademy.

Hy skildere see- en riviergesichten yn in styl dy't de oergong fan de Romantyske- nei de Haachske Skoalle ynliedt. Hy waard ynspirearre troch de omkriten fan Rotterdam, de Fryske kust en plakken om de Sudersee hinne. Under oaren Gemeentemuseum It Hannemahûs yn Harns en it Frysk Skipfeart Museum yn Snits hat wurk fan him.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels