Reidhintsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reidhintsje
Gallinula chloropus.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Kraaneftigen (Gruiformes)
Famylje: Rallen (Rallidae)
soarte
Gallinula chloropus

It Reidhintsje (Gallinula chloropus) is in 30-35 sm grutte wetterfûgel. Hy hielendal swart, útsein de wite ûnderein fan de sturt. It Reidhintsje hat wat wei fan de Markol, mar yn stee fan it wyt fan de Markol hat it Reidhintsje in reade foarholle, en in reade snaffel mei in giele punt. It Reidhintsje is ek in wat behindiger fûgel as de Markol en om't it gjin swimfluezen hat kin it him ek wat better rêde op de wâl. Lykas de Markol yt it Reidhintsje wetterplanten en wetterynsekten.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

It Reidhintsje wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blêskop, Dûkhintsje as Reidhoantsje.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It Reidhintsje bout in nêst fan reid, meast op it wetter mar bytiden hat er ek wol in nêst op de wâl ûnder in strûk fuort by it wetter. De beide âlden briede sa'n 20 dagen op de 7-10 aaien. Meastentiids briede se twa kear yn it jier. De jongen fan it earste nêst bliuwe noch by de âlden wylst dy mei har twadde nêst dwaande binne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]